Greenwich Mean Time

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

GMT is de ôfkoarting fan Greenwich Mean Time wat stiet foar de trochsnee tiid fan Greenwich . Somtiden wurdt it ek brûkt as Greenwich Meridian Time, mar dat is net korrekt.

GMT is ien fan de tiidstanderts. Greenwich is in part fan de stêd Londen yn Ingelân en leit op 0° easterlingte. De tiid dat yn Greenwich de middelbere sinne op it hichtste punt yn it suden oan de himel stiet, hjit tolve oere. De oantsjutting fan dy tiid is 12.00 GMT.

By de ynternasjonale kommunikaasje, sa as tillefoan, tillegrafy, radioferkear en letter it ynternet, wie it nedich om oer de hiele wrâld ien tiidstandert te hawwen. Dêrtroch koe wrâldwiid ien tiid ôfprate wurde.

In oare standert is de Koördinearre Wrâldtiid of UTC nei de Ingelske ôfkoarting. Dizze tiid is suver gelyk oan GMT, mar is basearre op atoomklokken. Sa gau as beide standerts hast in sekonde fan inoar ferskille, wurdt yn GMT en alle oare lokale tiden oer de hiele wrâld in ekstra skrikkelsekonde tafoege. Op 1 jannewaris 1972 waard de GMT ferfong troch UTC.