Skotlân
Ut Wikipedy
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Ingelsk, Skotsk-Gaelisch, Skotsk-Germaansk | ||||
| Haadstêd | Edinboarch | ||||
| Steatsfoarm | selsbestjoerend lânsdiel | ||||
| Gebiet % wetter |
78.782 km² 1,9% |
||||
| Ynwenners (2001) | 5.062.011 | ||||
| Munt | Britske pûn (£) (GBP) | ||||
| Nasjonale feestdei | - | ||||
| Lânkoade | n.f.t. | ||||
| Ynternet | .uk (Grut-Brittanje; .sco is foarsteld) | ||||
| Tillefoan | 44 (Grut-Brittanje) | ||||
Skotlân (Alba yn Skotsk-Gaelysk) is in naasje yn noardwest Jeropa en in ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Skotlân beheint it noardlike, tredde diel fan it eilân fan Grut-Brittanje en wurdt begrinzge troch:
- Ingelân yn it suden;
- de Noardsee yn it easten;
- de Atlantyske Oseaan yn it noarden en westen;
- de North Channel en de Ierske See yn it súdwesten.
[bewurkje seksje] Lânskip
It lânskip fan Skotlân falt yn trije gebieten op te dielen, it Skotske Heechlân yn it noarden, de Sintraal-Skotse flakten en it heuveleftige Southern Uplands yn it suden.
It Heechlân is in bercheftige omkriten mei de "Great Glen" as sintrale fallei. De heechste berchpyk fan it Feriene Keninkryk leit hjir, nammentlik de Ben Nevis mei in hichte fan 1343 meter.
De flakten fan Sintraal-Skotlân binne tichtbefolke mei de grutte stêd Glasgow yn it westen en de haadstêd Edinburch yn it easten. De measte yndustry en wurkgelegenheid yn Skotlân bin hjir te finen.
It heuvellân fan de Southern Uplands leit fan Stranraer oan de Ierske See oant East-Lothian en de Noardsee. It is in skitterjend moai berchgebiet mei talloaze berchpiken lykas de Merrick yn Galloway mei in hichte fan 843 meter. Lykwols spilet it toerisme hjir noch gjin grutte rol. Súdlik hjir fan leit it eilân Man
Bylâns de Skotske kust lizze mear as 790 eilannen, dêr't de Sjetlân-, Orkney- en Hebride-eilannen de trije wichtichste eilângroepen fan foarme. In grut oantal eilannen lizzen yn de riviermûning fan de Firth of Clyde en Firth of Forth. Sint-Kilda leit fan alle bewenne eilannen it fierst ôf fan it fêstelân.
[bewurkje seksje] Skiednis
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Skotlân.
[bewurkje seksje] Ferskaat
[bewurkje seksje] Namme
It wurd Scot- waard liend fan it Latyn, en it soe brûkt wêze fan de earste helte fan de 10e ieu ôf, doe't it foar it earst ferskynde yn de Anglo-Saxon Chronicle as in ferwizing nei it Lân fan de Gaels, analogysk foar it Latynske Scotia. Skotske keningen namen de titel Basileus/Rex Scottorum (= Hege Kening/Kening fan de Gaels, basileus betsjut soeverein yn it Gryksk, en rex betsjut kening yn it Latyn) en Rex Scotiae (Kening fan Gael-Lân) earne tidens de 11de ieu. Dat wie wierskynlik fanwege de styl dy't yn 1005 troch de Ierske kening Brian Bóruma brûkt waard, nammentlik Imperator Scottorum. Yn moderne tiden wurdt it wurd Scot brûkt foar alle ynwenners, hokfoar etnyske skiednis immen ek hat, om't de Skotske naasje in mear boargerlike as monokulturiel etnyske oriïntearring hân hat tidens it grutste part fan it lêste millennium.
[bewurkje seksje] Jild
Skotlân hat deselde munt as hiel Grut-Brittanje, it Britske Pûn, mar foar it jild is dat net sa. Ingelske munten kinne al brûkt wurde yn Skotlân, en oarsom, mar Skotlân hat eigen papierjild. Dêrby is der troch de bysûndere skiednis fan Skotlân nea in monopoalje ynsteld op it meitsjen fan bankbriefkes. Trije banken meitsje it Skotske jild:
Wetlik is de situaasje sels dat der hielendal gjin papierjild is yn Skotlân. De bankbriefkes fan de trije Skotske banken binne wetlik sjoen allinnich promessen fan de bank. It ienichste papierjild dat al wetlike status yn Skotlân hawwe soe, binne de Ingelske bankbriefkes fan minder as fiif pûn, mar op it stuit hat Ingelân sokke bankbriefkes net.
[bewurkje seksje] Keninkryk
It Keninkryk fan Skotlân wie in frije steat oant 1 maaie 1707, doe't de Act of Union resultearre yn in uny mei it Keninkryk fan Ingelân, dat it Keninkryk fan Grut-Brittanje foarme.
Alhoewol't Ingelân in wichtiger rol spilet yn Grut-Brittanje, binne de twa keninkryken formeel lyk. Hja hawwe ek beide in eigen systeem fan titels en flaggen. Bygelyks, de troanopfolger hat yn Skotlân de titel Hartoch fan Rothesay. De Britske kening hat ek as kening fan Skotlân in wapenbanier. Dy wurdt lykwols troch de Skotske befolking gauris brûkt njonken de Skotske flagge, hoewol't de wet dat eins net tastiet.
[bewurkje seksje] Demografy
[bewurkje seksje] Taal
Hast alle ynwenners fan Skotlân sprekke yn distiid Ingelsk, mar foar inkelen is dat de memmetaal. In soad Skotten sprekke as memmetaal Leechlân-Skotsk, in Germaanske taal besibbe oan it Ingelsk, dat nochal oars is as it standert Ingelsk. Likernôch 70.000 minsken, benammen op de westlike eilannen, sprekke noch altyd it Skots-Gaelysk as memmetaal.
Histoarysk bestjoen is Skotlân opdield yn twa kulurele gebieten: it súdliker lizzende Leechlân dêr´t benammen Leechlân-Skotsk sprutsen wurdt, en de noch foar in part Gaelysk-sprekkende Heechlannen yn it noarden.
[bewurkje seksje] Kaart
[bewurkje seksje] Sjoch ek

