Aberdeen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Aberdeen yn Skotlân
Aberdeen, spoarstasjon

Aberdeen (Skotsk-Gaelysk: Obar Dheathain) is in stêd mei 212.125 ynwenners yn Noardeast-Skotlân, Aberdeenshire. It is nei ynwennertal de tredde stêd fan Skotlân. Aberdeen leit oan de Noardsee by de mûningen fan de rivieren Dee en Don.

De twa universiteiten, de University of Aberdeen, oprjochte yn 1495, en de Robert Gorden University (RGU), dy't earst yn 1992 universiteitsstatus krige, meitsje fan Aberdeen de studintestêd fan it noarden. De stêd wie al yn de 12e ieu fan belang.

De tradysjonele papier-, skip- en tekstylyndustryen, ûnstien yn de tiid fan de Yndustriële Revolúsje, binne de lêste jierren foarbystribbe troch de oaljeyndustry en de seehaven. Itselde jildt foar de fiskyndustry. It heliport fan Aberdeen is ien fan de drokste kommersjele heliports yn de wrâld, en de seehaven is de grutste fan Noardeast-Skotlân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as [[Commons:|]] en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.