Nicola Sturgeon

Ut Wikipedy
Nicola Sturgeon
politikus
echte namme Nicola Ferguson Sturgeon
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 19 july 1970
berteplak Irvine (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
Ingelsk
partij Skotske Nasjonale Partij
Premier fan Skotlân
amtsperioade 20142023
foargonger Alex Salmond
opfolger Humza Yousaf
Fise-premier fan Skotlân
amtsperioade 20072014
foargonger Nicol Stephen
opfolger John Swinney
Skotsk minister fan Ynfrastruktuer, Ynvestearrings en Stêden
amtsperioade 20122014
foargonger Alex Neil
opfolger Keith Brown
Skotsk minister fan Folkssûnens en Wolwêzen
amtsperioade 20072012
foargonger Andy Kerr
opfolger Alex Neil
Lid fan it Skotske Parlemint
amtsperioade 1999 – no

Nicola Sturgeon (folút: Nicola Ferguson Sturgeon; Irvine (Skotlân), 19 july 1970) is in Skotsk politikus, dy't yn 2014 nei it ôftreden fan har foargonger Alex Salmond de fyfde premier fan Skotlân en de partijlieder fan 'e Skotske Nasjonale Partij waard. Yn elk fan dy funksjes wie se de earste froulike amtsdrager. Sturgeon wie ek in lid fan it Skotske Parlemint en fertsjintwurdige dêr it kiesdistrikt Glasgow Southside, yn 'e stêd Glasgow. Yn 2023 trede se ûnferwachts ôf as premier.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sturgeon waard yn 1970 berne yn it Ayrshire Central Hospital yn it Skotske Irvine, as de âldste fan trije dochters yn it gesin fan elektrisiên Robert Sturgeon (1948) en dy syn frou, toskedoktersassistinte Joan Kerr Ferguson (1952). Hja groeide op yn Prestwick en Dreghorn en gie fan 1982 oant 1987 nei de middelbere skoalle oan 'e Greenwood Academy yn Dreghorn. Neitiid studearre se rjochten oan 'e Universiteit fan Glasgow, in oplieding dy't se yn 1992 cum laude ôfrûne. Yn 1993 waard se talitten as abbekate en fûn se wurk by de firma Bell & Craig yn Stirling en letter by it Drumchapel Law Centre yn Glasgow.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se har yn 1986 by de nasjonalistyske Skotske Nasjonale Partij (SNP) jûn hie, waard Sturgeon al rillegau beneamd yn funksjes oangeande jongereinsaken en public relations Yn 1992 stelde se har foar it earst ferkiesber by Britske lanlike ferkiezings, as de SNP-kandidaat yn it kiesdistrikt Glasgow-Shettleston. Hja wie doedestiden de jongste parlemintskandidaat fan Skotlân, mar wist har sit net te winnen. By de lanlike ferkiezings fan 1997 wie Sturgeon de SNP-kandidate yn it kiesdistrikt Glasgow Govan, dêr't se foar it earst in reälistyske kâns makke op in oerwinning, mei't der binnen de Labourpartij rebûlje útbrutsen wie wêrby't twa leden har tagelyk kandidaat steld hiene. Hoewol't Glasgow Govan dat jiers de iennichste parlemintssit yn Skotlân wie dêr't Labour oan stimmen ferlear, wist Sturgeon der op 'e nij net te winnen. Nei dizze nederlaach waard hja troch de SNP beneamd as wurdfierster op it mêd fan enerzjy en ûnderwiis.

By de earste Skotske ferkiezings fan 1999 waard Sturgeon foar de SNP yn it nije Skotske Parlemint keazen, en sûnt is hja by eltse ferkiezing werkeazen. Fan 1999 oant 2007 fertsjintwurdige se dêr it kiesdistrikt Glasgow, fan 2007 oant 2011 it kiesdistrikt Glasgow Govan, en sûnt 2011 it kiesdistrikt Glasgow Southside. Fanôf 1999 tsjinne se binnen de SNP-fraksje yn it Skotske Parlemint as de skaadminister fan ûnderwiis, folkssûnens en justysje. Yn 2004, nei't partijlieder John Swinney ôftreden wie, kundige Sturgeon oan dat se har kandidaat stelde foar it foarsitterskip fan 'e SNP, mar doe't letter dúdlik waard dat âld-partijlieder Alex Salmond weromkomme woe, loek se har werom, en stelde se har ynstee kandidaat foar it fise-foarsitterskip ûnder Salmond. By de dêropfolgjende ferkiezings binnen de partij waarden sawol sy as Salmond keazen, mei as gefolch dat Sturgeon fan 2004 oant 2007 de fraksjefoarsitter fan 'e SNP yn it Skotske Parlemint waard, mei't Salmond op dat stuit sels gjin parlemintslid wie.

Nicola Sturgeon yn 2007, mei njonken har premier Alex Salmond.

By de Skotske ferkiezings fan 2007 (doe't Salmond yn it regionale parlemint kaam) behelle de SNP sa'n grutte oerwinning dat de partij neitiid in minderheidsregear foarmje koe. Dêrby waard Salmond premier en Sturgeon fise-premier en Skotsk minister fan Folkssûnens en Wolwêzen. By de Skotske ferkiezings fan 2011 wûn de SNP op 'e nij, en diskear wisten de nasjonalisten safolle sitten yn 'e hannen te krijen dat se in mearderheidsregear foarmje koene, dat yn 2012 ynstallearre waard. Salmond en Sturgeon giene fierder as premier en fise-premier, en Sturgeon waard dêrnjonken minister fan Ynfrastruktuer, Ynvestearrings en Stêden.

De SNP hie der nea in geheim fan makke dat it úteinlike doel fan 'e partij de folsleine ûnôfhinklikheid fan Skotlân wie, en nei de ferkiezingsoerwinning fan 2011 fielden de nasjonalisten har sa sterk dat se it einlings oandoarsten en kundigje in referindum oer dy kwestje oan. Nei in drege kampanje, dy't fan 'e kant fan it nee-kamp mank gien wie mei bangmakkerij en yntimidaasje, die by it Skotske ûnôfhinklikheidsreferindum fan 19 septimber 2014 bliken dat de mearderheid fan 'e Skotske kiezers der de foarkar oan joech om by it Feriene Keninkryk te bliuwen. Dat wie in swiere klap foar de SNP, en premier en partijlieder Alex Salmond besleat om 'e ferantwurdlikheid op him te nimmen en it fjild te romjen. Sadwaande waard Sturgeon (as iennichste kandidaat) op 14 novimber beneamd ta foarsitter fan 'e SNP, en waard se op 19 novimber keazen as premier fan Skotlân. Yn beide funksjes wie hja de earste frou dy't se beklaaide.

Neffens de measte waarnimmers sloech Sturgeon as premier fan Skotlân foar it Britske regear yn Londen in mear fermoedsoenjende toan oan oer as dat Salmond dien hie. Likegoed sei se ek dat se derfan oertsjûge is dat Skotlân úteinlik syn ûnôfhinklikheid weromwinne soe en dat sysels dat noch belibje soe. Ek draaide Sturgeon de Britske premier David Cameron flink de tomskroeven oan om him te hâlden oan 'e gouden bergen dy't er de Skotske kiezers op 'e lêste dei foar it referindum noch ûnthjitten hie as se nee stimme soene. Ek de Skotske kiezers fielden har blykber bekocht, want by de Britske lanlike ferkiezings fan 7 maaie 2015 behelle de SNP in meunsteroerwinning troch 56 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Britske Legerhûs te winnen (wylst se dêrfan tefoaren mar 6 beset hiene).

In staasjeportret fan it Skotske kabinet yn maaie 2011, mei sittend rjochts foaroan Sturgeon en sittend njonken har premier Alex Salmond.

Yn maaie 2016 focht Sturgeon by de Skotske parlemintsferkiezings fan dat jier foar it earst as partijliedster fan 'e SNP in stimbusstriid út. De SNP ferlear dêrby seis sitten en beskikte doe net mear oer in absolute mearderheid yn it Skotske Parlemint. Nettsjinsteande dat bleau it de grutste partij fan Skotlân en koe Sturgeon trochregearje as premier, no oan it haad fan in minderheidsregear.

Yn juny fan datselde jier waard yn it Feriene Keninkryk it Brexitreferindum holden, wêrby't de Britten der mei 51,9% (tsjin 48,1%) fan 'e stimmen foar stimden om it lidmaatskip fan 'e Jeropeeske Uny op te sizzen. Yn Skotlân stimde lykwols 62,0% fan 'e befolking derfoar om lid fan 'e Jeropeeske Uny te bliuwen. Yn reäksje op 'e útkomst fan it referindum liet Sturgeon witte dat it "demokratysk ûnakseptabel" wie dat Skotlân "tsjin syn wil" út 'e Jeropeeske Uny skuord wurde soe. Se joech dêrom opdracht om te begjinnen mei de planning fan in nij ûnôfhinklikheidsreferindum. Nei ôffallende resultaten foar de SNP by de Britske parlemintsferkiezings fan mids 2017 stelde Sturgeon de plannen foar in nij referindum út oant nei't der mear dúdlikheid bestean soe oer de útfiering fan 'e Brexitplannen fan it Britske regear.

Brexit mûne lykwols út yn in slepende kwestje, dy't der ferantwurdlik foar wie dat der begjin desimber 2019 alwer parlemintsferkiezings yn it Feriene Keninkryk holden waarden. Dêrby behelle de Konservative Partij fan premier Boris Johnson, in fûleindich foarstanner fan Brexit, in grutte oerwinning yn Ingelân en Wales, wylst de SNP weromkaam yn Skotlân en 48 fan 'e 59 Skotske Legerhûssitten wûn. Mei't it dúdlik wie dat Skotlân en de rest fan Grut-Brittanje har yn folslein tsjinstelde rjochtings beweegden, kundige Sturgeon neitiid in nij ûnôfhinklikheidsreferindum oan.

Dat kaam der lykwols net fan trochdat koarte tiid letter de wrâldwide koroanafiruspandemy útbriek. Sturgeon krige rûnom lof taswaaid foar hoe't sy Skotlân troch dy krisis loadste. By de Skotske parlemintsferkiezings fan 2021 waard de SNP op 'e nij de grutste partij. Sturgeon begûn oan in trêde termyn as premier oan it haad fan in koälysje fan 'e SNP en de Skotske Griene Partij. Op 15 febrewaris 2023 makke se ûnferwachts har ôftreden as premier en har ophâlden as partijliedster bekend. Se waard as lieder fan 'e SNP en premier fan Skotlân opfolge troch Humza Yousaf, in Skotske moslim fan Pakistaanske komôf.

Sturgeon behold wol har sit yn it Skotske Parlemint. Nei har opstappen as partijliedster en premier rekke hja behelle yn in skandaal oer de finânsjes fan 'e SNP, spesifyk it jild dat ynsammele wie foar de ûnôfhinklikheidskampanje. Der wiene fertinkings dat £600.000 earne oars bedarre wie. Yn 'e rin fan it plysjeûndersyk nei dy saak waarden Sturgeon har man Peter Murrell, dy't earder in hege útfierende funksje binnen de partij beklaaide, en de skathâlder fan 'e partij Colin Beatie arrestearre, ûnderfrege en doe wer gean litten. Op 11 juny 2023 waard Sturgeon ek arrestearre, ûnderfrege en wer op frije fuotten steld yn ôfwachting fan fierder ûndersyk.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nicola Sturgeon wennet yn Glasgow mei har man Peter Murrell, dy't ek in hege post beklaaide binnen de SNP. Hja krigen foar it earst in relaasje yn 2003, ferloofden har yn jannewaris 2010 en trouden op 16 july fan dat jier. Se hawwe gjin bern. Sturgeon har mem Joan is de SNP-boargemaster yn North Ayrshire, dêr't se earder al sûnt 2007 yn 'e gemeenterie siet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.