Britsk-Ynje

Ut Wikipedy
Britsk-Ynje
British India
1612 – 1947
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Nij-Delly
offisjele taal Ingelsk
steatsfoarm keizerryk
ûntstien út grut ferskaat oan
lânseigen foarstedommen
opgien yn Birma
Yndia
Pakistan
Súd-Jemen
no diel fan Banglades
Birma
Yndia
Jemen
Pakistan
sifers
ynwennertal 215 miljoen(1937)
befolkingstichtens 43,8 / km²
oerflak 4.903.312 km² (1937)
bykommende ynformaasje
folksliet God Save the King/Queen
muntienheid Britsk-Yndyske rûpy

Britsk-Ynje is de oantsjutting foar de hiele Britske koloniale perioade fan it Yndiaaske subkontinint, begjinnend yn 1612, mei de fêstiging fan 'e earste Ingelske hannelspost op 'e kust fan Gûdjarat, oant de ûnôfhinklikheid fan Yndia en Pakistan yn 1947. Op syn hichtepunt omfette dizze Britske koloanje frijwol it hiele grûngebiet fan 'e hjoeddeiske steaten Yndia, Pakistan, Banglades en Birma, en dêrnjonken teffens de stêd Aden, op it Arabysk Skiereilân, oan 'e mûning fan 'e Reade See, dat letter de haadstêd waard fan Súd-Jemen en dat sûnt 1990 ûnderdiel útmakket fan it feriene Jemen. Sry Lanka, it eardere Seylon, bleau altiten in aparte koloanje, los fan Britsk-Ynje, wylst de Malediven, Nepal, Bûtan en it yn 1975 troch Yndia anneksearre Sikkim Britske protektoraten wiene, dy't likemin ea yn Britsk-Ynje yntegrearre waarden.

Beheinde skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1612 waard troch de Ingelsen de earste hannelspost op it Yndiaask subkontinint stifte. Yn 't earstoan hiene hja dêr konkurrinsje fan 'e Portegezen, Nederlanners en Frânsen, mar tsjin it begjin fan 'e achttjinde iuw wie de macht fan Portegal en de Republyk fan de Feriene Provinsjes yn it neigean oan it reitsjen, sadat de Portegezen en Nederlanners harren út Yndia weromloeken om harren hearskippij te konsolidearjen yn 'e koloanjes dy't se al hiene. Mei de Frânsen strieden de Britten hast in iuw lang om 'e hegemony yn Yndia, in striid dy't pas einige doe't de Frânsen yn 1757 yn 'e Slach by Plassey definityf ferslein waarden. Krekt om dyselde tiid hinne rekke it lânseigen Mogol-Ryk ek tige yn it neigean, en de Britten stapten yn it machtsfakuum dat dêrtroch skepen waard. Fan in hannelsympearium mei fersille faktorijen oan 'e kust woeks Britsk-Ynje yn 'e heale iuw dêrnei út ta in wiere koloanje, noch altyd ûnder it bestjoer fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy. Tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw wie der gjin inkele oare koloniale macht mear dy't de Britten yn Yndia ek mar in striebree yn 'e wei lizze koe (al bleaune de Britten sels altiten beducht foar in Russyske opmars nei it suden fia Afganistan).

Yn 'e njoggentjinde iuw sette de Kompanjy syn belied fan ekspânsje fuort. Britsk-Ynje kaam yn dy tiid te bestean út in grimelgrammel fan gebieten dy't streekrjocht ûnder it bewâld fan 'e Kompanjy stiene, it eigentlike Britsk-Ynje, en de saneamde "prinslike steaten", lânseigen foarstedommen wêrfan't de hearskers ta fazal fan 'e Kompanjy makke wiene. Dat wol net sizze dat it fêstigjen fan Britske hearskippij oer it hiele subkontinint sûnder slach of stjit gie. Yn 'e Fjirde Mysoreeske Oarloch (1789-1799) sneuvele einlings Tipu Sultan, de sultan fan Mysoare, de stikel yn 'e foet fan 'e Britske koloniale opmars yn Súd-Yndia, wylst de wrakseling mei de Maratyske Konfederaasje, yn Midden-Yndia, yn 1803 yn it foardiel fan 'e Britten besljochte waard. Dêrnei folge in oarloch mei de Gurkha's fan Nepal, yn 1814, wêryn't dy sa súksesfol wiene (hoewol't de Britten úteinlik wûnen) dat Nepal nea yn Britsk-Ynje opnommen wurde soe. Yn 'e Earste Birmeeske Oarloch (1824-1826) waard it keninkryk Birma syn kustprovinsjes ûntnadere, en hoewol't de Earste Afgaanske Oarloch (1838-1841) útrûn op in fiasko, treasten de Britten harsels mei de anneksaasje fan 'e Sind, yn 1842. Dêrnei waard it lêste grutte selsstannige keninkryk op it subkontinint, dat fan 'e Sikhs yn 'e Pûndjaab, yn twa etappes yn 'e Earste en de Twadde Sikh-oarloch (1845-1846 en 1848-1849) ferovere. Yn 'e Twadde Birmeeske Oarloch (1852-1853) waard Midden-Birma troch de Britten yn besit nommen, en de lêste wichtige koloniale feroveringsoarloch yn Britsk-Ynje wie de Tredde Birmeeske Oarloch, wêrby't yn 1885 yn twa wiken tiid alles oerweldige waard dat der noch fan Birma oer wie.

Britsk-Ynje om 1920 hinne. (Britsk-Ynje yn read; oare Britske koloanjes yn ljochtgrien; Britske protektoraten en dominions yn ljochter grien; Portegeeske koloanjes yn turkwaze; Frânske koloanjes yn lila; oare koloanjes yn goud; ûnôfhinklike lannen yn griis.)

Yn 1857 briek yn Britsk-Ynje in opstân út dy't de Britten de Yndyske Muiterij neamden, hoewol't er tsjintwurdich op it subkontinint bekend stiet as de Unôfhinklikheidsoarloch. Gjinien fan beide beneamings dekt de lading alhiel. De Britske Eastyndyske Kompanjy fierde al desennialang in belied wêrby't safolle mooglik hearskers fan 'e prinslike steaten oan 'e kant skood waarden, wat ûnder de oanhingers fan it ancien régime in protte kwea bloed set hie. Yn 1857 kaam dêrby dat de lânseigen troepen fan it Britske koloniale leger tarist waarden mei nije, efterladende Enfield-gewearen. De soldaten waarden oardere om foar it laden fan dy gewearen de útein fan 'e patroanen ôf te biten; patroanen dy't ynsmard wiene mei in mingsel fan barge- en kowefet om roast foar te kommen. Mei't bargen foar moslims ûnrein binne, wylst kij foar hindoes hillich binne, seagen de soldaten dit as in Britsk komplot om harren te twingen harsels te besmoargjen, sadat se in makliker proai foar kristlike misjonarissen wêze soene. Yn wurklikheid wie it klearebare ûnnoazelens fan 'e Britten, mar dat makke foar de fierdere gong fan saken neat út. It wie it lont yn it krûdfet. Alle slomjende ûnfrede stiek de kop op en alle malkontinten joegen har byinoar, en sa briek foar de Britten folslein ûnferwachts de opstân út. Hoewol't dy úteinlik yn bloed smoard waard, wiene de Britten tige oandien, net inkeld yn Yndia, mar ek yn it memmelân. Der wie blykber wat misgien, en de Britske Eastyndyske Kompanjy krige dêrfan de skuld. Op 2 augustus 1858 waard yn it Britske parlemint in wet oannommen dy't fan Britsk-Ynje in kroankoloanje makke, en it gebiet dêrmei ûnder it bestjoer fan 'e Britske steat brocht.

Sa begûn it tiidrek fan it Britske Rāj (in Hindy-wurd foar "regear"), dat hast njoggentich jier duorje soe, fan 1858 oant 1947. Yn 't earstoan waard Britsk-Ynje no regearre as lykfol hokker oare Britske koloanje, mar al rillegau krige it in de facto-útsûnderingsposysje yn it Britske Ryk. Sa waard keninginne Fiktoaria yn 1876 kroane ta keizerinne fan Yndia, wylst hja yn gjin inkele oare koloanje in oare titel as "keninginne" hie. Britsk-Ynje wie ek ien fan 'e stiftsjende leden fan it Folkebûn (1919) en de Feriene Naasjes (1945), hoewol't it doedestiden feitlik noch in koloanje wie. Teffens die it mei oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 1900, 1920, 1928, 1932 en 1936. It grutte Britsk-Yndyske koloniale leger spile fierders in wichtige rol yn sawol de Earste as de Twadde Wrâldoarloch.

In âlde lânkaart fan Britsk-Ynje út 1909, mei it streekrjocht troch de koloniale machthawwers bestjoerde gebiet yn twa soarten rôze en de prinslike steaten yn giel.

Underwilens waard de rop om ûnôfhinklikens almar lûder, en nei 1945 koe dy net mear negearre wurde. Yn 1947 waard Britsk-Ynje úteinlik opspjalten yn twa nije steaten, dy't op 14 augustus, resp. 15 augustus fan dat jier ûnôfhinklik waarden as Pakistan en Yndia. Op dy manear kaam der in traumatyske dieling fan it subkontinint ta stân, wêrby't de nije steat Yndia foarme waard út 'e parten dêr't de hindoes yn 'e mearderheid wiene, wylst de parten dêr't de moslims de oerhân hiene, en dy't mear as 1500 km útinoar leinen oan 'e ferskillende úteinen fan it subkontinint, gearfoege waarden ta Pakistan (letterlik "it Lân fan 'e Suveren"). By de opdieling fan Britsk-Ynje wikselen withoefolle hindoes, moslims en sikhs, dy't harren fan 'e iene op 'e oare dei oan 'e ferkearde kant fan 'e grins befûnen, fan wengebiet. Yn 'e Pûndjaab, yn it westen, fûn der út it nije Pakistan in eksodus plak fan sa'n 6 miljoen hindoes en sikhs, wylst der út it nije Yndia in úttocht fan in selde tal moslims op gong kaam. Fierders kamen der nochris tusken de 250.000 en 500.000 minsken om by de bloedige opskuor dy't dizze befolkingsruil needsaaklik makke. Yn it easten, yn Bingalen, kaam dêr noch in eksodus by fan 1 miljoen hindoes út it nije East-Pakistan, en 1 miljoen moslims út 'e Yndiaaske provinsje Bihar. Dy kusten út gie it lykwols freedsumer om en ta; it wie sels gjin útsûndering dat hindoeïstyske doarpen oan 'e iene kant fan 'e grins islamityske doarpen fan gelikense grutte oan 'e oare kant fan 'e grins sochten om simpelwei fan doarp te ruiljen. Iroanyskernôch wennen der, doe't alles yn kannen en krûken wie, noch altyd sa'n 60 miljoen moslims yn Yndia en 10 miljoen hindoes yn East-Pakistan. Sels hjoed de dei noch hat it hindoeïstyske Yndia ien fan 'e grutste islamityske befolkings fan 'e wrâld.

Neitiid waard East-Pakistan, dat yn 'e nije Pakistaanske steat letterlik en figuerlik hielendal oan it fuottenein lei en polityk sjoen neat yn 'e molke te krommeljen hie, yn 1973, nei in bloedige oarloch, ûnôfhinklik as ûnder de namme Banglades. Birma, dat yn 1937 fan Britsk-Ynje losmakke wie, bleau oant 1948 in Britske koloanje, en waard doe selsstannich. Aden, ta einbeslút, waard yn 1937 ek in aparte koloanje fan makke. It trede letter ta de Federaasje fan Súd-Araabje ta, yn 'e mande mei in grut tal Britske protektoraten. Yn 1967 waard it, nei't de lânseigen hearskers fan 'e ûnderskate protektoraten ôfset wiene, de haadstêd fan it nije Súd-Jemen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side.