Westgermaanske talen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Westgermaanske talen
algemien
lokaasje fan oarsprong yn Noardwest-
en Midden-Jeropa
tal talen ±15
tal sprekkers ±457 miljoen (2004)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
subgroepen Noardwestgermaansk
Súdwestgermaansk

De Westgermaanske talen binne in taalkloft fan likernôch fyftjin talen, dy't ien fan 'e beide noch libbene tûken foarmet fan 'e gruttere Germaanske taalfamylje. Hoewol't it oarsprongsgebiet fan 'e Westgermaanske talen yn Midden- en Noardwest-Jeropa leit, hawwe se har troch migraasje en kolonisaasje yn 'e lêste fiifhûndert jier oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, sadat se no ek yn Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en Súdlik Afrika de dominante taalkloft foarmje. Dizze talen wurde hjoed de dei troch krapoan in heal miljard minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de grutste taal út dizze groep is it Ingelsk, op ôfstân folge troch it Dútsk. Metten nei sprekkersoantal is it Nederlânsk de trêde Westgermaanske taal. Ek it Frysk heart ta dizze taalkloft.

De lokaasje fan 'e Westgermaanske taalkloft yn Jeropa.

Talen en dialekten[bewurkje seksje | edit source]

It is dreech en jou persiis oan út hoefolle talen oft de Westgermaanske kloft no eins bestiet. Dat leit oan 'e ûnienichheid oer de skiedsline tusken taal en dialekt. It is dúdlik dat Ingelsk, Dútsk, Nederlânsk, Frysk en Jiddysk al fan âlds beskôge waarden as talen. Yn 1925 kaam dêr it Afrikaansk by en yn 1984 it Lúksemboarchsk, doe't dat offisjele erkenning yn it gruthartochdom krige. Sûnt 1996 genietsje ek it Nederdútsk/Nedersaksysk (yn Dútslân en Nederlân), en it Noardfrysk en it Sealterfrysk (beide yn Dútslân) erkenning as taal, yn in 1997 krigen ek it Limboarchsk yn Nederlân en it Skotsk yn Grut-Brittanje dy status.

Fierdersoan beskôgje in protte taalkundigen ek it troch neikommelingen fan Dútske migranten sprutsen Minnistedútsk, Pennsylvaansk, Hutteristedútsk en Wilamowytsersk ornaris as ôfsûnderlike talen. Fierders binne der dan noch in stikmannich taalfoarmen dy't dernei stribje om as taal erkend te wurden. Men kin dan bygelyks tinke oan it Sieusk/Westflaamsk yn Nederlân en Belgje en it Biltsk yn Fryslân. En ta einbeslút binne der noch talen as it Jenysk (benammen yn Dútslân), dat sprutsen wurdt troch wenweinbewenners, en it Anglo-Romany, in Roma-taal yn Ingelân.

De fersprieding fan 'e Westgermaanske talen yn Jeropa.

Underferdieling[bewurkje seksje | edit source]

De Westgermaanske talen wurde ûnderferdield yn twa taalkloften, dy't sels ek wer út ûnderskate taalgroepkes besteane:

Ingelsk, Skotsk, Yola †, Fingaalsk †, Anglo-Romany
Westerlauwersk Frysk, Noardfrysk, Eastfrysk (wêrfan't inkeld it Sealterfrysk noch oer is)
Nederlânsk, Afrikaansk, Limboarchsk
Nederdútsk/Nedersaksysk, Minnistedútsk
Dútsk, Lúksemboarchsk, Longobardysk †, Wilamowytsersk, Hutteristedútsk, Pennsylvaansk
Jiddysk, Jenysk

Der bestiet ek in alternative teory, wêrneffens oft de Westgermaanske talen opdield wurde moatte soene yn trije subgroepen: de Ingveoanske talen (yn boppesteande yndieling de Noardwestgermaanske en Nedersaksyske talen); de Istveoanske talen (de Nederfrankyske talen) en de Irminoanske talen (de Heechdútske talen).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Taalkundigen achtsje it net botte wierskynlik dat de Westgermaanske talen weromgeane op ien mienskiplike oertaal, it Westgermaansk. Ynstee is men fan tinken dat dizze taalkloft by it ûntstean fuort al út ferskate talen bestie. Dat ûntstean fûn om 'e fyfde ieu hinne plak, doe't de taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken útinoar foel yn in Noardgermaanske ienheidstaal (it Oernoardsk) en dus in stikmannich ûnderskate Westgermaanske talen. Neitiid spjalten de Westgermaanske talen har wer op yn twa subgroepen: de Noardwestgermaanske talen (dêr't it Ingelsk en it Frysk út fuortkomme) en de Súdwestgermaanske talen (dêr't it Dútsk en it Nederlânsk út fuortkomme).

In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Westgermaanske taalkloft.

It Aldingelsk is oerlevere fan it begjin fan 'e achtste ieu ôf en it Aldheechdútsk fan 'e ein fan 'e achtste ieu ôf. It Aldsaksysk, dêr't de Nederdútske en Nedersaksyske dialekten fan ôfstamje, is oerlevere fan 'e njoggende ieu ôf (it Aldsaksysk doopûnthjit út 'e achtste ieu net meirekkene). It Aldnederfrankysk (of Aldnederlânsk) is oerlevere fan 'e njoggende of tsiende ieu ôf en it Aldfrysk fan 'e trettjinde ieu ôf (útsein in fragmintaryske psalmoersetting út 'e tolfde ieu).

De ferskillen tusken de Noardwest- en Súdwestgermaanske taalkloften waarden yn en sûnt de Midsieuwen noch fergrutte troch de ynsulêre ûntwikkeling fan it Ingelsk oan 'e iene kant en de Twadde of Heechdútske Klankferskowing yn 'e Heechdútske talen oan 'e oare kant.

Ingveonismen[bewurkje seksje | edit source]

De ferskillen tusken de Noardwest- en Súdwestgermaanske talen lizze foar in grut part oan in stikmannich saneamd ingveonismen, taalkundige fernijings dy't har oer it algemien pas yn 'e twadde helte fan it earste milennium yn 'e Noardwestgermaanske talen foardiene. Ek yn 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske subgroep fan 'e Súdwestgermaanske talen hawwe dy fernijings har foar in part oppenearre, mar yn 'e Heechdútske talen alhiel net.

De wichtichste ingveonismen binne:

  • ienheidsmeartal fan tiidwurden (it net mear foarkommen fan ferskillende ferbûgings fan 'e meartalfoarmen fan tiidwurden):
Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
we have wy hawwe wij hebben wir haben
you have jimme hawwe jullie hebben ihr habt
they have sy hawwe zij hebben sie haben
(ienheidsmeartal) (ienheidsmeartal) (ienheidsmeartal) (gjin ienheidsmeartal)
Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
he washed himself hy wosk him hij waste zich er wiesch sich
(gjin aparte foarm) (gjin aparte foarm) (aparte foarm) (aparte foarm)
Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
five [útfal] fiif [útfal] vijf [útfal] nf
soft [útfal] sêft [útfal] zacht [útfal] sanft
other [útfal] oar [útfal] ander ander
us [útfal] ús [útfal] ons uns
goose [útfal] goes [útfal] gans Gans
  • assibilaasje (klankferskowing fan 'e [k] (k fan "kat") en de [ɡ] (g fan "goed") of [ɣ] (g fan "drage") yn posysjes foarôfgeande oan beskate lûden ta [ʧ] (tsj fan "tsjûk") en [ʤ] (dzj fan "siedzje") of [j] (j fan "jas")):
Ingelsk Frysk Nederlânsk Dútsk
bridge [ass.] brêge brug Brücke
midge [ass.] mich mug cke
hedge [ass.] hage heg Hecke
church [ass.] tsjerke [ass.] kerk Kirche
chalice [ass.] tsjelk [ass.] kelk Kelch
cheese [ass.] tsiis [ass.] kaas Käse
chaff [ass.] tsjêf [ass.] kaf (Spreu)
to churn [ass.] tsjernje [ass.] karnen (buttern)
kettle tsjettel [ass.] ketel Kessel
yarn [ass.] jern [ass.] garen Garn
yesterday [ass.] juster [ass.] gisteren gestern
to yield [ass.] jilde [ass.] gelden gelten
to forget ferjitte [ass.] vergeten vergessen

Taalferliking[bewurkje seksje | edit source]

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden fan ien oant en mei tsien yn 'e Westgermaanske talen.

taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Ingelsk one two three four five six seven eight nine ten
Skotsk ane
yae
twa thrie fower five sax
sex
seiven aicht
aucht
nyne
neen
ten
Frysk ien twa trije fjouwer fiif seis sân acht njoggen tsien
Sealterfrysk aan twäi
twäin
twoo
träi fjauwer fieuw säks soogen oachte njugen tjoon
Noardfrysk (Mooring) iinj
ån
tou
tuu
trii
tra
fjouer fiiw seeks soowen oocht nüügen tiin
Nederdútsk (Westfaalsk) eein twei drai veier fief söss siewen acht niegen tein
Nederlânsk een twee drie vier vijf zes zeven acht negen tien
Afrikaansk een twee drie vier vyf ses sewe agt nege tien
Sieusk èène twèèë drieë viere vuve zesse zeuvene achte negene tiene
Limboarchsk een tweej drai vier vaif zees zeeve aach neuge téin
Lúksemboarchsk een zwéi dräi fier fönnef sechs siwwe aachte néng zéng
Dútsk eins zwei drei vier fünf sechs sieben acht neun zehn
Jiddysk eyns tsvey dray fir finf zeks ziêben akht nayn tsen
Pennsylvaansk (Amish) eens zwee drei viere fimfe sexe siwwe achte neine zehe
Switserdútsk (Bernsk) eis zwöi drü viär füüf sächs sebe acht nün zäh

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163.
  • ――, Grote Winkler-Prins Encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.
  • Nieuwenhuijsen, P.M., Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995 (Coutinho), ISBN 9 06 28 39 894.
  • Nooteboom, S.G., en Cohen, A., Spreken en Verstaan: Een Nieuwe Inleiding tot de Experimentele Fonetiek, Assen, 1995 (Van Gorcum), ISBN 9 02 32 29 835.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Citations and Notes en References and Further reading, op dizze side.