Personele uny

Ut Wikipedy

In personele uny is de kombinaasje fan twa of mear steaten dy't deselde monarch hawwe, wylst harren grinzen, wetten en belangen apart bliuwe. It ferskil mei in federaasje is dat elts lân binnen de personele uny in ûnôfhinklik regear hat, wylst federearre steaten (lykas de ûnderskate Feriene Steaten) mei-inoar ien nasjonaal regear hawwe. De bestjoerder fan in personele uny hoecht gjin erflik monarch te wêzen.

Personele unys kinne ûntstean om ferskate redens, dy't útinoar rinne kinne fan tafal (as de soan fan 'e kening fan lân A en de regearjende keninginne fan lân B beide âlden opfolget) oant in ferkapte anneksaasje (yn sokke gefallen waard in personele uny yn it ferline faak sjoen as in ynstrumint om opstannen foar te kommen). In personele uny kin fierders by wet fêstlein wurde (wêrby't beide lannen oanjouwe deselde monarch diele te sillen), mar dat hoecht net, en personele unys dy't net by wet fêstlein binne, kinne makliker ferbrutsen wurde (bgl. troch nei de dea fan 'e oangeande monarch ferskillende opfolgers oan te wizen).

In bekend foarbyld fan in personele uny wie dy tusken Ingelân (en Ierlân) en Skotlân, dy't fan 1603 oant 1707 bestie. Dêrby folge de Skotske kening Jakobus VI (as har neiste libbene famyljelid) de Ingelske (en Ierske) keninginne Elizabeth I op doe't dy sûnder bern stoar. Uteinlik late dizze personele uny ta in politike uny (Grut-Brittanje), dy't oant hjoed de dei fuortbestiet. In oare bekende personele uny wie de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy, dy't fan 1866 oant 1918 bestie. Minder bekend is dat Nederlân en it gruthartochdom Lúksemboarch fan 1815 oant 1890 in personele uny hiene, dy't úteinlik ferbrutsen waard om't yn Nederlân keninginne Wilhelmina op 'e troan kaam, wylst de Lúksemboarchske grûnwet erfopfolging troch froulju net tastie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.