Skotsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Skotsk is de taal foarme troch de Germaanske dialekten, sa't dy praat wurde yn Skotlân, en by útwreiding ek yn Ulster. Yn it Skotsk hjit de eigen taal Scots, troch taalkundigen wurdt dy oantsjut as Skotsk-Germaansk en de taal wurdt ek wol oantsjut as Leechlân-Skotsk as Lallans ta ûnderskie mei it Gaelysk.

Yn Skotlân wenje likernôch 1,5 miljoen minsken dy't Skotsk prate. Yn Noard-Ierlân leit dit oantal op 30.000.

Taalstatus[bewurkje seksje | edit source]

De taal wurdt sjoen as nau besibbe oan it Ingelsk, mar te ûnderskieden fanwege nochal wat ferskillen yn wurdskat en útspraak. It Skotsk is tichter by de Angelsaksyske oarsprong bleaun as it Ingelsk. De status fan selsstannige taal wurdt net troch alle taalkundigen akseptearre; guon bestride dy fûl om't hja it Skotsk sjogge as in dialektgroep fan it Ingelsk. Arguminten dêrfoar binne it ûntbrekken fan in Skotske standerttaal en it bestean fan in dialektkontinuüm mei de dialekten yn Ingelân.

It Skotsk wurdt offisjeel erkend as in in ûnôfhinklike taal troch de Jeropeeske Uny en wurdt no ek beskerme troch dizze organisaasje. It Skotsk wurdt sprutsen troch ûngefear in miljoen minsken yn Súd- en Noardeast-Skotlân.

Dialekten[bewurkje seksje | edit source]

Scotsdialects.png

Yn grutte linen hat it Skotsk fiif dialekten:

Skriuwtaal[bewurkje seksje | edit source]

Net tsjinsteande it grutte tal sprekkers fan de taal is Skotsk foaral in sprektaal, sûnder in unifoarme stavering. Dat komt mei troch de lange oerhearsking fan de Ingelsken yn Skotlân.

Der binne Skotten dy't it Skotsk nij besteansrjocht jaan wolle en de skriuwtaal ûntwikkelje. It Skotsk hat wol in pear skreaune boarnen, mar dy binne hiel âld en der binne net folle fan. Se binne benammen neilitten troch de bekende Skotske dichter Robert Burns (1759 - 1796).

Eksterne keppelings[bewurkje seksje | edit source]