Pikten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Pikten wiene in folk yn 'e tiid fan it Romeinske Ryk yn it hjoeddeistich Skotlân. Sy sprutsen Piktysk, heechst wierskynlik in Keltyske taal.

Oarsprong[bewurkje seksje | edit source]

Piktyske stien.

Yn de izertiid om 50 f. Kr. hinne, krekt foar de oerkomst fan Julius Caesar nei Brittanje, stoppet de Keltyske migraasje nei Skotlân. It lân wie doe ferdield yn in oantal stammen, dy't wol gauris mei inoar striden . Sy besochten yn harren libbensûnderhâld te foarsjen troch bou (koarn en hjouwer), feefokkerij (skiep), jeie (harten) en fiskerij. De Romeinen joegen dizze stammen de namme Pikten troch harren tatoeages (Pikti betsjut 'ferve').

In wichtige Piktyske kening wie Onuist, dy't it grûngebiet fan de Pikten yn de iere Midsieuwen sterk útwreide hie. De Pikten kamen yn kontakt mei it kristendom troch de hillige Kolumba fan Iona dy't harren ta it Kristendom bekeare woe, it is net bekend of it slagge is. De ienichste skriften, dy't de Pikten neilitten hawwe, binne in soartemint rûnen, dy't sy op stiennen krasten. Sy brûkten derfoar yn spesjaal alfabet dat ogham neamd waard: it alfabet sels is ûntsifere, mar om't wy mar in bytsje witte oer it Piktysk, is de ynhâld ûnbegryplik. Ek oer harren mytology en deistige libbenswize is net folle bekend.

De Piktyske maatskippij[bewurkje seksje | edit source]

Rekonstruearre Pealbou-Crannog oan de Loch Tay

De Pikten makken ark fan bonken, hûd, hout, stien en izer. Argeologyske fynsten wize derop dat it soarte fan ark likernôch lyk wie oan de Ierske en de Angelsaksyske technology fan dy tiid. De pikten brûkten ek wettermoles. De Pikten wienen krekt as de oare Keltyske stammen goed yn it smeien en der wienen keunstners. De kening en eallju hienen moaie juwielen en goed makke wapens. Se hannelen mei de oare Keltyske stammen yn Ierlân en de rest fan Brittanje, ek wienen der wol hannelswegen mei folken oan de Middellânske See, dêrtroch hienen se lúkse guod ta harren beskikking.

Krekt as oare Keltyske stammen makke dit folk ek stiensirkels wêrfan't der in soad bewarre binne. Brochs wurde faak assosjearre mei de Pikten. Se binne wol earder boud mar se bliuwden yn gebrûk yn en nei de Piktyske perioade. De meast gebrûklike gebouwen wienen rûne huzen en rjochthoekige, houten hallen. Ek stiennen huzen lykas op Orkneys makke wurde. In soad tsjerken waarden ek fan hout makke. Fan de 8e ieu ôf waard der ek stien foar brûkt.

Piktyske Religy[bewurkje seksje | edit source]

Foardat de Pikten Kristlik waarden wie de hearskjende godstsjinst wierskynlik in soarte fan Keltysk polyteïsme. It ienige dat der fan oer is binne de plaknammen. It duorre fan de fiifde oant de sânde ieu om de Piktyske elite te bekearen. It kristendom yn Piktlân hie bannen mei Northumbria, Iona en Ierlân. It kristendom ferskilde der wol. Sa wienen de kleasters minder wichtich as yn Ierlân en hilligenferklearringen útwreide. Keningen hienen faak beskermingels, krekt as de eale famyljes. De tsjerken stienen ûnder beskerming fan in kening, it liket der op dat de eallju in soad ynfloed hiene op it tsjerke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]