Piktyske stien

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Replika fan de klasse II stien Hilton of Cadboll Stone op syn oarspronklik plak

Piktyske stiennen binne monumintale stiennen, faak fersierd, makke en oprjochte troch de Pikten. De stiennen wurde fûn yn Skotlân en en wurde datearre op de 6e- oant en mei de 9e ieu.

Doel en betsjutting[bewurkje seksje | edit source]

De bedoeling fan de stiennen is ûnwis. Faaks wienen it persoanlike tinkstiennen; at dat sa is moatte de symboalen ýtlein wurde as clan- of famyljesymboalen. Guon stiennen ferbyldzje rituelen. De stiennen soene ek as grêfstien brûkt wêze kinne, mar dat liket net it primêre doel west te hawwen. In oare teory ûnderstelt dat it grinsstiennen west hawwe kinne om de grinzen tusken clans of bloedlinen oan te jaan.

De brûkte symboalen soenen ek in byldskrift wêze (sa as de hiëroglifen). Der binne likernôch 35 ferskillende symboalen erkend. De abstrakte symboalen hawwe nammen krige sa as V-foarmige stêf en dûbele skiif. Dêrneist wurde der bisten ôfbyld, bygelyks it hart, de salm en de wolf. Ek kinne der deistige gebrûksfoarwurpen ûnderskaat wurde sa as de kaam en de spegel. Tige seldsum komme dizze symboalen ek op Piktyske sieraden foar.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]

Yn The Early Christian Monuments of Scotland (1903) beskriuwe J. Romilly Allen en Joseph Anderson in klassifikaasje fanPiktyske stiennen dy't no noch brûkt wurdt.

  • Klasse 1: ûnbewurke stiennen mei ynkerve symbaolen, sûnder kruzen. Klasse 1 stiennen datearje fan de 6e ieu oant de 8e ieu.
  • Klasse 2: soart fan rjochthoekige stiennen mei in grut krús en ien of mear symboalen oan ien of beide siden. De symboalen binne yn reliëf gekerfd en it krús is opfold mei alderlei patroanen. Klasse 2 stiennen binne fan de 8e ieu en 9e ieu.
  • Klasse 3: stiennen sûnder piktyske symboalen. Dit kinne krúsfoarmige stiennen wêze, grêfmonuminten, frijsteande stiennen of stiennen skrinen. Klasse 3 stiennen datearje fan de 8e en 9e ieu.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]