Broch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Kriten dêr't brochs foarkomme

In broch is in rûne, stiennen toer, mei dûbele muorren, fan soms goed 10 meter hichte. De bouwurken stamje út de Izertiid. Harren doel is net bekend. De measte brochs binne te finen op de Orkney-eilannen, Sjetlâneilannen en de lânsdouwe Caithness yn Skotlân.

De âldste brochs datearje faak al fan 600 f. Kr.[1][2] De measte brochs waarden lykwols boud tusken 100 f. Kr. en 100 nei Kr.[2] De Pikten wennen foar in grut part yn deselde kriten as de bouwers fan de brochs. De brochs kinne lykwols net oantsjut wurde as Pictic towers,[3] sa't guonts wol hawwe wolle. De âldste fernijing fan de Picten is nammentlik earst út 297 nei Kr. dat de Picten kinne heechút as neisieten fan de broch-bouwers sjoen wurde.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. I. Armit, Towers in the North - The Brochs of Scotland, s. 33.
  2. 2,0 2,1 J.N.G. Ritchie, Brochs of Scotland, pagina 5.
  3. 3,0 3,1 J.N.G. Ritchie, Brochs of Scotland, s. 43.