Sjetlâneilannen
Ut Wikipedy
De Sjetlâneilannen (Skotsk-Gaelysk: Sealtainn, Ingelsk: Shetland Islands) binne in eilannekloft yn de Atlantyske Oseaan, noardlik fan de fêstewâl fan Skotlân. De eilannen beslaan in oerflak fan 1.426 km²; it haadeilân Mainland beslacht dêrfan in twa-tredde part. It plak Lerwick op Mainland is it bestjoerlike sintrum fan de Sjetlâneilannen. De hiele eilannegroep omklammet sa likernôch 100 eilannen wêrfan fytjin bewenne binne. Op dy fyftjin bewenne eilannen wenje 22.000 minsken, dêr't 17.750 fan op it haadeilân Mainland wenje (sifers 2005).
[bewurkje seksje] Literatuer
- Wolfgang Schlick:Die Orkney und Shetland-Inseln : Landschaft und Kultur im Nordatlantik. DuMont, Keulen 1989, 298 siden (DuMont Kultur-Reiseführer) ISBN 3-7701-2174-0
- Elizabeth Balneaves: The windswept isles: Shetland and its people. Londen: Gifford, 1977. (328 siden)
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Webside fan de Rie fan de Sjetlâneilannen
- Visit Shetland op de webside fan Visit Scotland