Brûnstiid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Trijeperioadesysteem
Holo-
seen
Histoaryske Tiid
La Tène-tiidrek   Proto-
histoarje
Hallstatt-tiidrek
Izertiid
  Let  
Midden
Ier
Brûnstiid
Neolitikum Kopertiid  
Let Pre-
histoarje
Midden
Ier
Mesoli- tikum of
Epipaleo-
litikum
Let
Midden
Ier
Pleis-
toseen
Paleo- litisum Let
Midden
Ier
Stientiid
Brûnstiid - Muséum de Toulouse

De brûnstiid is it tiidrek tusken (sa. 3000 oant 800 f. Kr.) en dat folget op it Neolitikum. Der wurdt ek wol ûnderskied makke mei de kopertiid, dat noch tusken it neolitikum en de brûnstiid leit. Mar meastal wurdt dat tiidrek rekkene ta de nije stientiid. Yn Nederlân binne net folle koperfynsten dien. Inkeld op de Feluwe is wat fûn, lykwols wienen dat útsonderings. Nei de brûnstiid komt it tiidrek fan de Izertiid.

Yn de rin fan de tiid ferfong brûns stadichoan fjoerstien as wichtigste materiaal foar ark en wapens en waard ek brûkt foar sieraden. De earste foarwerpen fan brûns wienen benammen bilen, en ek inkelde dolken, spearpunten en sieraden lykas earmbannen. Brûns kaam stadichoan hieltyd faker foar, en ek kamen der mear soarten metalen foarwerpen yn gebrûk.

Yn guon streken fûn brûns net tagelyk yngong en de krekte datearring fan de brûnstiid kin dêrom per lân of sels per streek ferskille. Sa wie, neffens de fynsten, folle mear sprake fan brûnsjitten yn Drinte as yn de rest fan Nederlân. In mooglike reden hjirfoar is miskien de pan-Jeropeeske hannelswei dy't oer de Drintse heuvelrêch rûn nei de barnstienrike Eastseekust. De kennis om metalen te bewurkjen, ynklusyf brûns moat yn it Midden-Easten ûntstien wêze. Dêr waard brûns sûnt sa. 3000 f. Kr. brûkt. Dizze kennis hat him stadichoan ferspraat oer it Jeropeeske kontinint en berikte ek ús lân.

Guon fan âlds bekende ferhalen, lykas de Ilias, de Odyssee, parten fan de Bibel en it Gilgamesjepos spylje har ôf yn de brûnstiid.

Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

De brûnstiid yn Nederlân kin ûnderskieden wurde yn:

  • Iere brûnstiid (2000 - 1800 f. Kr.)
  • Midden brûnstiid (1800 - 1100 f. Kr.)
  • Lette brûnstiid (1100 - 800 f. Kr.)

Brûns wie krap yn de Lege Lannen. De grûnstoffen foar brûns, koper- en tin-erts, komme nammentlik net foar yn Nederlân. Al it brûns moast dêrom ymportearre wurde. In protte skikte ruilmiddels wienen net oanwezich. Faak sil barnstien en sâlt wol brûkt wêze om te ruiljen. Dizze waarden ruile tsjin kant-en-kleare produkten of tsjin brûnsskroat. Fan opbrûkte foarwerpen waarden lokaal wêr nije foarwerpen jitten. Trochdat it brûns sa krap wie, bleau fjoerstien bestean.

Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

It Frysk Museum hat in swurd út de Woldgemeente by Stienwyk (1100 f.Kr - 1200 f.Kr.)ien út de Tsjonger fan it saneamde Hallstattype (± 900 f.Kr. - 800 f.Kr) enin moai offermes út Appelskea (± 100 f.Kr.). De yn Fryslân fûne eksimplaren toane goed de ûntwikkeling fan sân- ta kokerbile. Der binne ek in tal brûnzen spearpunten fûn.

Grêfheuvels[bewurkje seksje | edit source]

Grêfheuvel binne meast opboud út omkeard lizzende heideseadden (de heidefjilden moatte sûnt de iere Brûnstiid as sletten formaasje opkomd wêze). De deaden krije suver hast gjin grêfjeften mei. It ûndersyk mei de skeppe is dus tige foarsichtich dien wurde, want it grêfritueel hâlde in soad yn. A.E. van Giffen ûndersocht yn 1928 de Biesterveldheuvel by De Knolle. Yn it Frysk Museum is hjir in makette fan. De foet fan de seaddeheuvel lei mids in twafâldige, ticht stelde peallekrâns mei fierder oan de binnenside in staketsel fan ticht by inoar setten lytse pealtsjes, wierskynlik eartiids mei flechtwurk ferbûn. In ynspringend gedielte oan de noardwestkant fan de dûbele peallekrânse wiist op in leter ôfsûnderliktichte yngong fan it begraafplak. Dit ynspringende diel komt oerien mei in iepening yn it staketsel. Dizze blokkearre yngongen skine de deaden fan de libbenen ôfslute te moatten. De deaden út de iere Brûnstiid waarden meast bysetten yn mei fjoer útholle beamkisten dy't yn djippe grêfskachten leinen. Dêrneist kaam ek al gau de lykferbaarning yn swang. De lange foarm fan it grêf bleau ynearsten. Dizze foarm fan begraven is út de midden Brûnstiid. Dêrnei wurdt de grutte fan de lykkûle lytser. De grêfheuvels út de Brûnstiid waarden ornaris wer brûkt foar lettere bysettings (meastentiid yn de râne). Sa kin soksoarte begraafplak útgroeie ta in begraafplak foar de hiele famylje of groep. Ek yn de brûnstiid kamen der stees wer oare befolkingsgroepen nei Fryslân ta. Yn it lêst fan de brûnstiid komt it saneamde urnefjildenfolk, dat syn deaden ferbaarnde. Dizze minsken dienen de jiske yn urnen en setten dizze by yn in kûltsje dêr't se dan in rûn greppeltsje omhinne makken. De grûn hjirút waard opsmiten ta in heuveltsje oer it grêf. Soksoarte urnefjilden mei greppelrûnten wurde nekropoalen neamd. Van Giffen hat in moai foarbyld ûntdekt by Easterwâlde (1925). Dizze urnefjilden út de lêste brûnstiid komme ek foar yn de Foarromeinske izertiid. ( ± 800 f.Kr oant it begjin fan de jiertelling) By it iere urnefjildepotguod falle earst de glêde sauste foarmen op, letter ek kartelrânige urnen fan it saneamde Harpstedter-type

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]