Northumbria
Northumbria (Nederlânsk: Northumbrië) wie ien fan de wichtige Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân foar Willem de Oermasterder. It hearde ta wat wol de heptargy neamd wurdt. De namme ferwiist nei it gebiet, noardlik fan de rivier de Humber.
Dat gebiet strekte him út fan de Humber oant de Forth. It keninkryk ûntstie út de gearfoeging fan twa oare riken: Deira en Bernicia. Kening Edwin ( 616 - 632 ) fierde yn 627 it kristendom yn en wie Bretwalda fan Ingelân fan 627 oant 632. Ek syn opfolgers Oswald (633-641) en Oswiu (641-670) droegen dizze titel.
Yn 810 of koart dêrfoar kaam Eanred, soan fan Eardwulf, op de troan en hearske oant 841. Under syn regear erkende Northumbria yn 827 it oppergesach fan Egbert, kening fan Wesseks. Yn 954 hâlde Northumbria op te bestean as selstannich keninkryk.
De namme Northumbria wurdt om histoaryske en toeristyske redenen tsjintwurdich hieltyd faker brûkt. Fierders wurdt de namme fan it âlde keninkryk noch fuortset yn it greefskip Northumberland.
[bewurkje seksje] Keningen fan Northumbria
De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Bernicia en Deira (lykas yn gefal fan oare hearskers yn de heptargy) binne net hieldal wis.
| Namme | Perioade | Opmerkingen |
|---|---|---|
| Esa | ± 500 | fan Bernicia |
| Eoppa | ± 520 | fan Bernicia |
| Ida | 547 - 559 | fan Bernicia |
| Glappa | 559 - 560 | fan Bernicia; soan fan Ida |
| Aelle | 559 - 589 | fan Deira |
| Adda | 560 - 568 | fan Bernicia; soan fan Ida |
| Aethelric | 568 - 572 | fan Bernicia; soan fan Ida |
| Theodric | 572 - 579 | fan Bernicia; soan fan Ida |
| Frithuwald | 579 - 585 | fan Bernicia; soan fan Ida |
| Hussa | 585 - 592 | fan Bernicia; soan fan Ida |
| Aethelric | 589 - 604 | fan Deira |
| Aethelfrith | 593 - 616 604 - 616 |
fan Bernicia; soan fan Aethelric fan Deira |
| Edwin | 616 - 633 | fan Deira + Bernicia; zoon van Aelle |
| Eanfrith | 633 - 634 | fan Bernicia; soan fan Aethelfrith |
| Osric | 633 - 634 | fan Deira; neef fan Edwin |
| Oswald | 633 - 642 634 - 642 |
fan Deira; soan fan Aethelfrith Bernicia |
| Oswiu | 642 - 655 | fan Bernicia; soan fan Aethelfrith |
| Oswine | 644 - 651 | fan Deira; soan fan Osric |
| Aethelwold | 651 - 655 | fan Deira; soan fan Oswald |
| 655 | Deira foarmet mei Bernicia it keninkryk Northumbria | |
| Oswiu | 655 - 670 | |
| 656 - 664 | Aelhfrith, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu; | |
| Ecgfrith | 670 - 688 | soan fan Oswiu |
| 670 - 679 | Aelfwine, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu | |
| Aldfrith | 688 - 704 | soan fan Oswiu |
| Eadwulf | 704 - 705 | soan fan Aldfrith |
| Osred I | 705 - 716 | soan fan Aldfrith |
| Coenred | 716 - 718 | |
| Osric | 718 - 729 | (mooglik) soan fan Aldfrith |
| Ceolwulf | 729 - 737 | broer fan Coenred |
| Eadberht | 737 - 758 | |
| Oswulf | 758 - 759 | soan fan Eadberht |
| Aethelwald Moll | 759 - 765 | |
| Alhred | 765 - 774 | |
| Aethelred I | 774 - 778 | soan fan Aethelwald Moll |
| Aelfwald I | 778 - 779 | soan fan Oswulf |
| Osred II | 779 - 790 | soan fan Alhred |
| Aethelred I | 790 - 796 | (op'en nij) |
| Osbald | 796 | |
| Eardwulf | 796 - 806 | |
| Aelfwald II | 806 - 808 | soan fan Oswulf |
| Eardwulf | 808 - 830 | (op'en nij) |
| Eanred | 810 - 844 | soan fan Eardwulf |
| Aethelred II | 840 - 844 | soan fan Eanred |
| Readwulf | 844 | |
| Aelfwald II | 844 - 848 | (op'en nij) |
| Osbaht | 848 - 862 | |
| Aelle | 862 - 867 | |
| Osberht | 867 |
Untfongen fan "http://nl.wikipedia.org/wiki/Koninkrijk_Northumbria"