Allan Ramsay

Ut Wikipedy
Selsportret (om 1737)

Allan Ramsay (13 oktober 1713Dover, 10 augustus 1784) wie in Skotsk portretskilder.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allan Ramsay waard berne yn Edinboarch, Skotlân, as âldste soan fan Allan Ramsay, dichter en skriuwer fan The Gentle Shepherd Ramsay wie om syn 20e hinne yn de lear by de Sweedske skilder Hans Huyssing yn London en wurke dêrnei trije jier yn Rome. Doe't er werom kaam sette er him ta wenjen en wurkjen yn Edinboarch.

Ramsay wie maklik yn de omgong en krige in soad opdrachten.

Yn 1739 boaske er syn earste frou, Anne Bayne, de dochter fan in professer yn Skotsk Rjocht, Alexander Bayne fan Rires (±.1684–1737) en Mary Carstairs (1695?–1759). Net ien fan harren trije bern oerlibben harren pjuttejierren en Anne stoar op 4 febrewaris 1743 by de befalling fan it tredde bern.

Ramsay en syn twadde frou Margaret Lindsay (dy't syn learling west hie) brochten fan 1754 oant 1757 yn Itaalje troch. Sy giene nei Rome, Florâns, Napels en Tivoli en bestudearren, skilderen en tekenen de âlde masters, antikiteiten en archeologyske plakken. Sy kamen troch de tiid mei it potrettearjen fan toeristen. By dy reis en ek oare reizen nei Itaalje gie it him foaral om stúdzje en op dat stuit minder om sels te skilderjen.

Hy joech it skilderjen oer om 1770 hinne om him mear konsintrearje te kinnen op literêre arbeid. Boppedat hie er in soad lêst fan syn rjochter earm, dy't út en troch út de kom skeat en de dea fan syn twadde frou yn 1782 die him ek gjin goed. Hy ferfear nei Itaalje en liet it ôfmeitsjen fan tsientallen portretten oer oan syn assistinten.

Allan Ramsay wie ek in fûl tsjinstander fan slavernij en fierde ek kampanje foar it ôfskaffen dêrfan.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]