Robert Louis Stevenson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer literatuer.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Robert Louis Stevenson
Fanny Vandergrift Osbourne, Stevenson syn frou, sa. 1876
Stevenson mei frou en hûshâlding yn Vailima, om 1892

Robert Louis Balfour Stevenson (Edinburgh, 13 novimber 1850 - Vailima (Samoa), 3 desimber 1894) wie in Skotsk skriuwer fan romans, gedichten, toanielstikken en reisferhalen. Syn meast bekende boeken hearre Treasure Island, Kidnapped en Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde ta.

Stevenson wie tige populêr yn syn tiid. Hy heart by de 30 meast oersette skriuwers yn de wrâld. Hy waard bewûndere troch tal fan auteurs, sa as Jorge Luis Borges, Ernest Hemingway, Rudyard Kipling, Marcel Schwob en Vladimir Nabokov.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Stevenson waard berne yn Edinburgh as soan fan yngenieur Thomas Stevenson (1818–1887) en Margaret Balfour. Syn âlden wiene tige religieus, mar hysels ferlear it leauwe yn syn stúdzjetiid op de universiteit, alhoewol't it wol ynfloed op him hâlde soe. Yn syn koarte libben ûndernaam er in soad. Hy waard ynearsten yngenieur, lykas syn heit (dy't it ûntwerp fan de fjoertoer modernisearre). Om reden fan swakke sûnens gie er lykwols oer op rjochtestúdzje, mar hy hat nea praktisearjend jurist west. Op'e ein fan syn libben wie er plantaazjehâlder en stamhaad yn Samoa.

Hy makke ferskate reizen nei it keninkryk Hawaï en waard freon fan kening David Kalakaua, by wa't er in protte omsloech. Teffens krige er kunde oan dy syn nicht, prinsesse Victoria Kaiulani, lykas Stevenson ek fan Skotsk komôf. Op it eilân Molokai besocht er pater Damiaan dy't dêr wurke ûnder ferballe leprapasjinten. Fanny Osbourne, syn oare helte, hat him bot stipe yn syn aventuerlik, mar ek ek dreech en noedlik libben. Hy stoar yn de âldens fan 44 jier oan in beroerte yn syn wenplak Vailima[1] in Samoa.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

Titel Publikaasjejier/útjouwer Titel oerset Opmerkings
An Inland Voyage 1878, Kegan Paul n.f.t. Reisferhaal
Edinburgh: Picturesque Notes 1878, Seeley, Jackson & Halliday n.f.t. Dokumint
Travels with a Donkey in the Cévennes 1879, Kegan Paul n.f.t. Reisferhaal
Viginibus Puerisque and other Papers 1881, Kegan Paul n.f.t. Essees
Familiar Studies of Men and Books 1882, Chatto & Windus n.f.t. Essees
New Arabian Nights 1882, Chatto & Windus n.f.t. Fertelling
Treasure Island 1883, Cassel Skateilân Fertelling
The Silverado Squatters 1884, Chatto & Windus n.f.t. Fertelling
A Child's Garden of Verses 1885, Longmans& Co/ Scribner's n.f.t. Gedichten
More New Arabian Nights: The Dynamiter 1885, Longmans& Co n.f.t. Fertelling. Mei Fanny (van de Grift) Stevenson
Prince Otto 1885, Chatto & Windus n.f.t. Fertelling
The Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde 1886, Longmans & Co De núveraardige skiednis fan Dr. Jekyll en mr. Hyde Fertelling
Kidnapped. 1886, Cassel/Scribner's Untfierd Fertelling
The Merry Men and Other Tales and Fables. 1887, Chatto & Windus De Fleurige Mantsjes Fertelling
Memories and Portraits. 1887, Chatto & Windus n.f.t. Essees
Memoir of Fleeming Jenkin 1887, Longmans & Co n.f.t. Biografysk
Underwoods 1888, Chatto & Windus n.f.t. Gedichten
The Black Arrow: A Tale of Two Roses 1888, Scribner's/ Cassel & Co De Binde fan de Swarte Pylk Fertelling
The Master of Ballantrae: A Winter's Tale 1889, Scribner's/ Cassel & Co De Hear fan Ballantrae Fertelling
The Wrong Box 1889, Scribner’s/ Longmans & Co De Ferkearde Kist Fertelling, mei Lloyd Osbourne
Ballads 1890, Chattp & Windus n.f.t. Gedichten
Father Damien: An Open Letter to the Reverend Doctor Hyde of Honolulu 1890, Chatto & Windus n.f.t. Pamflet
In the South Seas 1891, The Sun (tydskrift)/ Black and White (tydskrift) Yn de Stille Súdsee Reisferhaal
A Footnote to History 1892, Cassel & Co n.f.t Reisferhaal
The Wrecker 1892, Cassell/Scribner’s n.f.t Reisferhaal. Mei Lloyd Osbourne
Across the Plains With Other Memories and Essays 1892, Chatto & Windus n.f.t Essees
Catriona 1893, Cassell/Scribner’s De aventoeren fan David Balfour Fertelling
Three Plays 1892, Nutt n.v.t Toanielstik. Mei W.E. Henley
Island Nights’ Entertainments 1893, Cassell/Scribner’s n.f.t Fertelling
The Ebb Tide 1894, Heinemann n.f.t. Reisverhaal. Mei Lloyd Osbourne
1895 (Postúm), Methuen n.f.t. Brieven
Songs of Travel and other Verses 1895 (Postúm), Edin Ed, Poetry n.f.t. Gedichten
Record of a Family of Engineers 1896 (Postúm), Edin Ed n.f.t. Biografysk
Weir of Hermiston 1896 (Postúm), Chatto & Windus n.f.t. Fertelling
St. Ives 1897 (Postúm), Scribner's St. Ives Fertelling
Confessions of a Unionist 1921 (Postúm), Cambridge Press n.f.t. Pamflet

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

  • Bibliografy.
  • Robert Louis Stevenson route GR70 Op de Stevensonrûte fan Le Puy en Velay oant Alès mei de GR70 yn Súd-Frankryk. Beskriuwing fan de GR 70, dy't troch de Haute Loire, Ardèche, Lozère en Gard tusken Auvergne en Cevennen kuierje.

E-teksten fan Stevenson op Wikisource (in) :

E-teksten fan Stevenson yn it Project Gutenberg (in) :

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.nls.uk/rlstevenson/island.html Beeldbronnen en beschrijvingen (Engelstalig)