Grêfskrift
Ut Wikipedy
In grêfskrift of epitaaf is een koart gedicht of inkele sinnen dy't wijd binne oan de ferstoarne en op de grêfstien gravearre binne - het liket dêryn op in epigram. Meastentiids wurdt de ferstoarne eare mei it grêfskrift. Faak ek wurdt in Bibeltekst op it grêf opnomd, of allinnich de letters R.I.P (Requiescat in pace, Latyn foar rêst yn frede).
Grêfskriften wurde yn Fryslân al lang samle. Sa steane se bygelyks yn de Skoalmastersboekjes (1858-1859) en yn Friesche Oudheden en der is in kolleksje R.-baron van Breugel Douglas. Yn de topografyske atlas fan it Frysk Genoatskip steane tekeningen fan A. Martin. Yn de 20e ieu samlen N.J. Waringa, A.L. Heerma van Voss, D.D. Osinga, J. Belonje. De grêfskriften dy't foar bygelyks genealogy, heraldyk, keunsthistoarje en doarpsskiednis fan belang binne wurde samle troch it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Nei 1950 ferskynden al bondels oer Achtkarspelen, It Bilt en Ljouwert Galileeërtsjerke.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - grêfskrift.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|