Antwerpen
Ut Wikipedy
Antwerpen is in stêd yn it Flaamske diel fan Belgje oan de Skelde. Der wenje likernôch 472.000 minsken (2008).
Antwerpen is de haadstêd fan de Belgyske provinsje Antwerpen en it arrondissement Antwerpen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De skiednis fan Antwerpen giet werom nei de tredde ieu nei Kristus. Neidat de Salyske Franken it gebiet feroverje op de Friezen, stiften hja yn de omkriten fan Antwerpen it doarp Merksum. Yn de 7e ieu begûn it kerstenjen. De stêd wurdt yn de oarkonden foar it earst neamd yn 726. Yn 836 ferniele Wytsingen de stêd. Yn 1291 krige Antwerpen stedsrjochten. Yn 1863 krige Antwerpen de funksje fan havenstâd yn de nije steat Belgje, dat in ekonomyske groei ta gefolch hie. Yn de Earste Wrâldkriich wie Antwerpen fan 1914 oant en mei 1918 troch de Dútsers beset. Yn 1920 waarden de Olympyske Simmerspullen holden yn Antwerpen.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard Belgje krekt as yn de Earste Wrâldkriich brûkt om dêrwei Frankryk te feroverjen. De stêd waard yn maaie 1940 beset troch de Wehrmacht en yn septimber 1944 befrijd troch de Ingelsken. Antwerpen wie oan 'e ein fan de kriich in wichtige haven foar de Alliearden om har soldaten op it Jeropeeske fêstelân fan wapens en rantsoen te foarsjen. Dêrtroch waard Antwerpen, krekt as Londen, it doel fan Dútske V1 en V2 raketten (7 oktober 1944 oant 30 maart 1945). It wie ek it doel fan it Ardennenoffensyf (desimber 1944 oant febrewaris 1945). De stêd hie mear skea fan de V1 en V2 raketten as de haven, sa'n 3700 oant 7000 ynwenners fan Antwerpen binne dearekke troch de raketoanfallen. Nettsjinsteande de skea fan de raketoanfallen bleau it histoaryske stêdsbyld foar it grutste part bestean.
Antwerpen wie Kultuerhaadstêd fan Jerope yn 1993.
[bewurkje seksje] Distrikten
Antwerpen hat njoggen distrikten:
- Antwerpen (distrikt)
- Berchem
- Berendrecht-Zandvliet-Lillo
- Borgerhout
- Deurne
- Ekeren
- Hoboken
- Merksem
- Wilrijk
[bewurkje seksje] Histoarysk ynwennertal

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
- Rubensmuseum, hûs en wurkplak fan de keunstner Rubens
- Plantin-Moretus museum
- Us leaffrouwe katedraal, mei 123m de heechste domtsjerke yn de Benelúks
- Eartydske paleis fan de keninklike famylje
- Antwerpen hat it foarste Belgyske museum spesjaal foar patat oan de Groenplaats 12.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Stêd Antwerpen - hiemside fan de stêd
- Us leaffrouwe katedraal
- Universiteit fan Antwerpen
- Kaart