Ardinnenoffensyf

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Ardennenoffensyf")
Gean nei: navigaasje, sykje
Ardinnenoffensyf
Part fan de Twadde Wrâldkriich
Amerikaanse soldaten zoeken dekking tijdens de slag om de Ardinnen
Amerikaanske soldaten fan de 75th Division yn it Ardinnenoffensyf
Datum 16 desimber 1944 - 25 jannewaris 1945
Plak Ardinnen
Utkomst Alliearde oerwinning
Konfliktpartijen
US flag 48 stars.svg Feriene Steaten
Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of German Reich (1935–1945).svg Dútslân
Befelhawwers
US flag 48 stars.svg Dwight D. Eisenhower
Flag of the United Kingdom.svg Bernard Montgomery
US flag 48 stars.svg Omar N. Bradley
US flag 48 stars.svg George Patton
Flag of German Reich (1935–1945).svg Walter Model
Flag of German Reich (1935–1945).svg Gerd von Rundstedt
Flag of German Reich (1935–1945).svg Adolf Hitler
Sterkte
840.000+ man[1]
400 tanks
400 artillery
600.000 man
500 tanks
1900 kanonnen
Deaden, ferwûnen en ferliezen
10.276 dea
47.493 ferwûne
23.218 finzen as fermist
12.652 dea
38.600 ferwûne
30.582 finzen as fermist

It Ardinnenoffensyf (Ingelsk: Battle of the Bulge) is it lêste grutte offensyf fan Nazi-Dútslân oan it westfront yn de Twadde Wrâldkriich. It Dútske offensyf duorre fan 16 desimber 1944 oant 25 jannewaris 1945. De slach waard fochten yn de Ardinnen, rûchwei it easten en noardeasten fan Belgje en it noarden fan Lúksemboarch.

Ein 1944[bewurkje seksje | edit source]

Oan de ein fan 1944 wie it de Alliearden al slagge om Frankryk en Belgje werom te feroverjen op de Dútsers. De opmars fan de Alliearden wie de flugge kant neist wêrtroch de ôfstân fan de ûnderstypjende ienheden fan de Alliearden nei harren troepen oan it front hieltyd grutter waard. Dêrtroch wie it dreech om harren troepen fan iten en drinken te foarsjen. Foar de slach waard der al fochten yn de Ardinnen en de Amerikaanske ynfantry hie doe al grutte ferliezen trochdat harren fjochtfleanmasinen mei de kâlde winterdagen net fan 'e grûn komme koenen. Fierdere opmars oer de Ryn soe dan in nuodlike saak wurde. Adolf Hitler wie fan doel de seehavens fan Antwerpen en Rotterdam foar de Dútsers te behâlden en in fierdere opmars fan de Alliearden op te kearen en dêrmei in sinjaal dat de Dútsers gjin belies joegen. Hitler tocht dat de kriich oan it westfront op dizze wize gau ta in ein komme soe sadat de Dútsers inkeld noch de Sowjets op it eastfront bekampe moasten. De Dútsers setten it lêste grutte offensyf útein mei 250.000 manlju en 1.000 tanks.

It offensyf[bewurkje seksje | edit source]

6e SS-Pantserleger noard
5e Pantserleger sintraal
7e leger súd

Om de Alliearde oermacht yn 'e loft moast it offensyf winterdeis plakfine, leafst mei min waard as de fjochtfleanmasinen fan de Alliearden problemen hienen om fan 'e grûn te kommen. It offensyf wie yn 't foar sa geheim dat sels de hegere offisieren gjin doel hienen oer it plan. It Dútske Heeresgruppe B en de Oberbefehlshaber West hienen fan noard nei súd in front fan 100 kilometer. Lykas yn 1940 soenen de Dútske pansertroepen it paad troch it wylde gea fan de Ardinnen sljochtsje. It belangrykste doel wie de seehaven fan Antwerpen dat oars in stipepunt fan de Alliearden wurde soe. Earst moasten de Dútsers nei de Maas ta, dan by Luik del en by it Albertkanaal lâns nei Antwerpen. Dêrby soe dan in part fan de Alliearden by Aken en Maastricht ynsletten wêze wêrfoar de rjochterflank fan de Dútsers ornearre wie. Strategysk wie it Ardinnenoffensyf lang net min. De Amerikaanske troepen hienen al grutte ferliezen, dêrtroch krigen se doe in soad soldaten sûnder ûnderfining, en de ferwûne soldaten hienen der har rêstpunt. Meiïnoar hienen de Amerikanen fjouwer divyzjes oan it front. De Amerikanen hienen de Dútsers sa leech noch net as it gong oer offensyfmooglikheden, dêrmei waard ek al in bytsje rekken holden. De Alliearden wienen nei de mislearre Operation Market Garden fan septimber 1944 dwaande mei nije plannen foar offensiven, noardlik en súdlik fan de Ardinnen. De Britten koenen mei tank oan Alan Turing yn Bletchley Park it Dútske radioferkear neigean. Lykwols kamen de belangrykste Dútske befelen net oer de radio mar mei koerier nei it front. De Alliearden wisten dus neat fan troepenferskowingen, oare militêre kaaifeiten ûntbrieken wêrtroch se net rjocht wisten wat der oan de oarekant barde.

Bysûndere stipe fan Dútske kant foar it offensyf oppenearre him yn twa lytse aksjes:

  1. Unternehmen Greif wie de namme foar in keppel Dútske soldaten ûnder befel fan Otto Skorzeny. De soldaten koenen allegear poerbêst Ingelsk en soenen mei Amerikaanske uniformen de Alliearden ferrasse. Dêrfoar hienen se ek oare middels sa as 2 Sherman-tanks en Alliearde gewearen. Doel fan Unternehmen Greif wie om safolle mooglik betizing efter de fijanlike liny's te skoppen. Soldaten fan Unternehmen Greif soenen ek de brêgen oer Maas weromferoverje.
  2. Unternehmen Stösser wie in aksje yn de nacht fan 16 op 17 desimber wêrby 1300 parasjutisten 11 kilometer noardlik fan Malmedy delkomme soenen om Amerikaanske oanfierrûtes ôf te sluten. Troch min waar koe in fyfde-part mar op it plak komme, de oaren foelen ferdield oer de hiele Ardenen nei ûnder.

It ferrassingsoffensyf die yn it earstoan fertuten foar de Dútsers. It Amerikaanske front waard fuortreage, it weromlûken fan de Amerikanen rekken yn ûnstjoer. Generaal Dwight D. Eisenhower holdt lykwols de kop derby en seach it strategyske belang. Fuort joech Eisenhouwer it befel oer de troepen noardlik fan de Dútske opmars oan Bernard Montgomery, súdlik oan Omar Bradley. Tagelyk waard in part fan de strategyske reserve, de 82ste Airbornedivyzje en de 101ste Airbornedivyzje, mobilisearre en Britske reservisten moasten ree wêze foar ynset. Eisenhower stjoerde generaal George S. Patton mei syn third army yn it Saarlân nei it noardwesten om de Dútske opmars út it suden wei op te kearen. Generaal Anthony McAuliffe mei de 101 Airbornedivyzje soe de kop fan de Dútske opmars temjitte. De 101 Airborndivyzje focht tusken 21 desimber 1944 oant 13 jannewaris 1945 de ferwoeden striid om Bastenaken, in wichtich ferkearsknooppunt. It slagge de Dútsers net om de stêd te feroverjen en boppedat duorre it te lang wêrtroch generaal Patton mei syn third army de kâns hie om by de 101 Airborne te kommen. Nei de kryst like it waar wat te betterjen en dat die fertuten foar de Alliearde oermacht yn de loft. De Dútsers besochten it op 1 jannewaris ek mei in loftoanfal, Unternehmen Bodenplatte, de lêste grutte loftoanfal fan de Luftwaffe. It Ardinnenoffensyf einige op 21 jannewaris 1945, alhoewol't de Eastkantons fan Belgje pas yn febrewaris 1945 troch de Alliearden weromferovere waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cirillo, R., Ardennes-Alsace, 1995, side 57