Histoaryske roman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In Histoaryske roman is in yn it ferline situearre ferhaal oer histoaryske of optochte persoanaazjes. It sjenre ûntstie yn de 19e ieu en is tige ferbûn mei it opkommen fan de Romantyk. Ien fan de skaaimerken fan dizze streaming is is de tanommen niget foar skiednis. It wie net langer sa dat de histoaryske belangstelling him beheinde ta de Aldheid, want der kaam no ek omtinken foar de Midsieuwen dy't eartiids as barbaarsk sjoen waarden. Dêrneist brocht it opkommen fan de Nasjonale Ienheidssteat ek in proses fan nasjonaal bewustwêzen op gong mei tagelyk in tanimmende belangstelling foar it eigen ferline. Sir Walter Scott wurdt as grûnlizzer fan it sjenre beskôge. Hy lei as earste it ferbân tusken dwaan en tinken fan personaazjes en de tiid wêryn't hja libben.

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

Yn Fryslân[bewurkje seksje | edit source]