Simke Kloosterman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Simke Kloosterman as jongfaam

Simke Kleasterman (Twizel, 25 novimber 1876 - Ljouwert 5 desimber 1938) wie in Fryske skriuwer en dichter. Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Nei de Hofskoalle yn Ljouwert gie se nei in partikuliere skoalle yn Grins en in kostskoalle yn Wyk by Duerstede

Simke debutearre yn it Nederlânsk yn De Hollandsche Lelie, mar skreau neidat der yn 1898 wurk fan har opnommen wie yn Sljucht en Rjucht alinnich noch yn it Frysk. Yn earsten ek ûnder in skûlnamme, 'In Frysk famke'. Lyryske en aristokratyske ynstelling.

It hûs dêr't se altyd wenne is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Hjir is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk. Ek Simke Kloosterman Rintocht yn it doarp wurdt omtinken jûn oan dizze skriuwster.

Yn Twizel wurdt om de trije jier de Simke Kloostermanpriis útrikt foar it bêste berne- en jeugdboek.

Ynhâld

Wurk [bewurkje seksje]

Romans [bewurkje seksje]

  • De Hoara's fen Hastings (1921)
  • It Jubeljier : 1793-1813 (1927)
  • Hengist en Horsa (Proaza, novelle) (1933) Sjoch ek: Hengist en Horsa en Keninkryk Kent
  • Ut de gielgoerde (novellen) (1936)
  • Ut de gielgoerde (novellen en oar proaza) (1944)
  • Ut de gielgoerde (Karlêzing) (1963)

Dichtwurk [bewurkje seksje]

  • Ruth: In hân fol ieren ( fersen en ferhalen) (1910)
  • De wylde fûgel (1932)
  • Lisck fen Eijsinga (ballade) (1941)
  • Myn lân (karlêzing) (1982)

Ferskaat [bewurkje seksje]

  • Twiljochtteltsjes (mearkes) (1928)
  • Lyts Teltsjeboek for Fryske bern (1932-1933)
  • Great Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart) (1932)
  • Beppe yn ’e fleur (1936)
  • De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit (1938), Itensierdersboek.
  • Simke Kloosterman Spreuken (1962)
  • De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma (1976)

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: