Twizel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Twizel
Flagge fan Twizel Wapen fan Twizel
Flagge Wapen
Lokaasje fan Twizel
Gemeente Achtkarspelen
Ynwennertal (2008) 1111
Webstee www.twijzel.nl

Twizel is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, súdwest fan Bûtenpost. It doarp hat likernôch 1.111 ynwenners (1 jannewaris 2008). De namme komt fan "Optwizel" dat "wiksel", of "by de twasprong" betsjut. Optwizel is noch in strjitnamme yn it doarp.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Simke Kloosterman

Bekende ynwenster wie de Fryske skriuwster Simke Kloosterman. It hûs dêr't se altyd wenne is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Hjir is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk.

Yn Twizel wurdt elk jier de Simke Kloostermanpriis útrikt. Yn 1999 hat Twizel in wapen oannomd.

[bewurkje seksje] Doarpswapen

Earder hjitte it doarp Optwizel, dat betsjut: by de twasprong. Yn it doarp rinne twa wegen út elkoar. De twasprong wurdt mei in gaffel werjûn. Swart om oan te jaan dat de net-ferhurde diken der troch de moude swart útseagen (notiids troch it asfalt.) De sângrûn dêr't it doarp op leit, wurdt oanjûn troch it gouden fjild. Op it hege diel, meastal oan wjerskanten fan de dyk, wie boulân, dêr't in soad rogge ferboud. Oan de eastkant waard fierwei de measte grûn as greide brûkt. Dizze situaasje wurdt troch de rogge-ier rjochts en de klaver links yn it skyld oanjûn. Yn it skyldhaad sit in bokweetkerl, as oantinken oan de pelmole en it ferbouwen fan boekweet. Yn it reade hertskyld stiet in ferwizing nei de bynamme fan de ynwenners fan Twizel: wezelingen.

[bewurkje seksje] Mienskip

Sintraal stiet doarpshûs De Bining. Hjir sitte ek pjutteboartersplak Date's Plakje, Pleatslik Belang en oare ferienings yn. SKW soarget foar in soad aktiviteiten yn Twizel. De Twirre is de doarpskrante fan it doarp. Lytse Wiman en De Oanrin binne de beide basisskoallen fan it doarp.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • De Wikselpas - folksdûnsjen
  • Laat ze maar schuiven - sjoelen
  • Ghostriders - linedance
  • Vriendenkring - toaniel
  • Fuotbalferiening Twizel
  • Olympia - kuorbal

[bewurkje seksje] Befolking

De Nederlânske akteur Peter Tuinman is hjir berne.

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Beukerspaadsje -
  • Boppelannen -
  • Bosselân -
  • De Haven -
  • De Haven BY -
  • De Wedze -
  • Dobbe -
  • Egypte - buorskip Egypte
  • Jan Ritskesstrjitte -
  • Krikehoeke -
  • Mûnewei -
  • Optwizel -
  • Persieltsjelân -
  • Piterpôle -
  • Simke Kloostermanstrjitte - Frysk skriuwster Simke Kloosterman
  • Tsjerkebuorren -
  • Tsjerkelân -
  • Wedzebuorren - buorskip Wedzebuorren yn Twizel.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen