Twizelerheide
|
||||||||||||||||||||||
Twizelerheide is in doarp yn it noarden fan de gemeente Achtkarspelen, mei likernôch 1.898 ynwenners.
As heidedoarp hat Twizelerheide bûten de bebouwing by de haadwegen lâns eartiids in fersprate bebouwing hân. Troch de útwreidings nei de oarloch is stadichoan de foarming fan in doarpskom op gong kommen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Lizzing
Twizelerheide foarmet in trijelingdoarp mei Sweagerbosk yn de gemeente Kollumerlân en De Westerein yn de gemeente Dantumadiel.
[bewurkje seksje] Ferbinings
De Bjirkewei troch it doarp jout nei it westen ferbining mei De Westerein en mei Feanwâlden, en nei it easten mei Twizel.
[bewurkje seksje] Piratemuzyk
Twizelerheide is ien fan de bakermatten fan de piratestjoerders yn Nederlân. Bekendste stjoerder is Charity FM. Yn de twa wiker foar de krystdagen stjoere se út foar in goed doel.
[bewurkje seksje] Mienskip
Gearkomsten fan PLeatslik Belang binne yn doarpshûs De Jister. It doarpskrantsje hjit De Heidebingel. De Reinbôge en It Twaspan binne de beide doarpsskoallen en Us Boartershûske it pjutteboartersplak. Ek is der in grifformearde en in herfoarme tsjerke. Eartiids mochten bern dy't yn Twizelerheide nei skoalle gienen in stik koeke fan de Koekebeam plukke.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Sin en Wille - folksdûnsjen
- It Wite hûs - kaartspyljen
- Fuotbalferiening VVT
- DCT - damjen
- De Trochsetters - follybal
- SVT - gymnastyk
- Tinke en Sette - skaken
- De Heide - tafeltennis
- De Heidedobbers - fiskjen
[bewurkje seksje] Befolking
- Ien fan de bekendste (âld)ynwenners fan it doarp is de koartlyn ferstoarne Nederlânsktalige sjonger Rommy Henstra. Ek nammen as sjongster Hepie (fan it duo Hepie en Hepie) en musikus Jaap Meems binne bekende nammen yn de muzikantesirkwy.
- Ek skilder Gerriet Postma is yn it skildersfermidden bekend.
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Twizelerheide.