Surhústerfean

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Surhústerfean
Himrik fan  Surhústerfean
Gemeente Achtkarspelen
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2008) 5757
Huzen 2447
Koördinaten 53° 10' NB, 6° 10' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9231
Webstee www.surhuisterveen.com


Surhústerfean yn eastlike rjochting
Nederlânsk Herfoarme Tsjerke

Surhústerfean is ien fan de 12 doarpen fan de Fryske gemeente Achtkarspelen. It doarp hie op 1 jannewaris 2008 5.757 ynwenners.

Ynhâld

Skiednis[bewurkje seksje]

Surhústerfean is oan it ein fan de 16e ieu ûntstien doe't de earste turfgravers en skippers harren dêr ta wenjen setten. De wiken en de feart (Dimpte Feart) dy't troch de flekke rûnen binne tichtsmiten. It ha benammen de muontsen west dy't fan ynfloed west hawwe op it ûntstean. Se hearden ta de pioniers fan de fefeanting, dêrnei kamen al rillegau de ambachtslju en winkellju.
De namme fan it doarp betsjut letterlik 'Surhuzumerfean', de feangrûnen súdlik fan it tsjintwurdich lytsere, mar âldere Surhuzum. De abt fan it kleaster Jeruzalem yn Gerkeskleaster sluet doe in kontrakt met Utertse ûndernimmers om de hege feanen ôf te graven.

Lokaasje[bewurkje seksje]

Súdeastlik fan it doarp begjint it âlde rivierke de Lauwers, al is dat yn earsten net mear as in foege sleat.

Tsjintwurdich hat Surhústerfean ekonomysk sjoen in regionale funksje, mei in foech winkelbestân, ferskate hoarekafoarsjennings en in tal yndustriële bedriuwen.

Mennisten[bewurkje seksje]

De Menniste Gemeente fan Surhústerfean ûntstie om 1600 by de ferfeantings fan It Fean. Om 1620 hat der seker al in Formanje stien, want de earste bekende learaar Gabbe Paulus stoar yn 1643. De predikanten yn lettere perioades (lykas D. Pekelharing) hawwe in bydrage levere oan de ferbettering fan Surhústerfean. De hjoeddeiske formanje in fan 1804.
Fan 1720 tot 1729 hat der in groep Dútse mennisten út Surhústerfean of omjouwing wenne. Se lieten har dope yn in poel by Koartwâld. Fan harren fierdere ferbliuw is fierders netfolle bekend. Fan Surhústerfean gienen se fia Rotterdam mei it skip ‘Allen’ nei de Feriene Steaten fan Amearika. Se fêstigen har yn Pensylvanie en foarmen dêr groep ‘Church of Brethren’.

Mienskip[bewurkje seksje]

De flekke hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomsten hat yn multyfunksjoneel sintrum It Fleckehûs. It doarp hat as basisskoallen It Skriuwboerd, De Bernebrêge en De Hoekstien. As eveneminten wurde alle jierren in kross hâlden, in Hurdfytswedstryd en in Konkoers-hippique. Der is ek in VVV-kantoar yn Surhústerfean.

Flekke[bewurkje seksje]

De Fryske Rie foar Heraldyk hat it doarp Surhústerfean op 4 septimber 1986 de erkenning 'Flekke' takend. Flek of flekke is yn Fryslân de ûnoffisjele oantsjutting fan in grut doarp, dat eins yn de ûntwikkeling fan doarp nei stêd stykjen bleaun is. Se hiene faak mear "rjochten" as de trochsneed doarpen, lykas rjocht fan waach en rjochtspraak. De flecken wurde ferdield yn de iere en lettere flekken. Drachten, De Gordyk. It Hearrenfean en Surhústerfean hearre ta dy lêste groep. Se binne yn de 17e en 18e ieu ta ûntwikkeling komd. De fleckewapens ûnderskiede har fan de gewoane doarpswapens, trochdat se wol in kroan fiere.

Ferienings[bewurkje seksje]

Befolking[bewurkje seksje]

Bekende Feansters[bewurkje seksje]

  • Jan Hepkes Wouda (1862-1939), ek wol de Feanster liger neamd is ien de bekende eardere doarpsfigueren. Oaren binne Eare Hut en Jantsje Sint, beide yn it doarp suver allinne bekend ûnder harren bynammen.
  • Ek steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Milieu en hurdfytspommerant Joop Atsma is fan Feanster komôf, en dat jildt ek foar de skriuwer/muzikant Meindert Talma.

Strjitten[bewurkje seksje]

Alle strjitten yn Surhústerfean.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje]

Buslinen fan ferfierder Qbuzz:

Keppeling om utens[bewurkje seksje]

Sjoch ek[bewurkje seksje]