Achtkarspelen

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Achtkarspelen
Flagge fan de gemeente Achtkarspelen    Wapen fan de gemeente Achtkarspelen
(Flagge fan Achtkarspelen) (Wapen fan Achtkarspelen)
Lokaasje fan de gemeente Achtkarspelen
Provinsje Fryslân
Boargemaster T. van der Zwan
Haadplak Bûtenpost
Gebiet
- wetter
103,98 km²
-  1,20 km²
Ynwenners 28.156
Ferkearsieren N355, N358, N369
Netnûmer 0511, 0512
Postkoades 9231 - 9873
Offisjele webstee www.achtkarspelen.nl

Achtkarspelen is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei 28.044 ynwenners (1 jannewaris 2003).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Plakken

It haadplak is Bûtenpost en de oare plakken yn de gemeente binne: Boelensloane, Droegeham, Gerkeskleaster, de Harkema, Koatstertille, Stynsgea, Strobos, Surhústerfean, Surhuzum, Twizel en Twizelerheide.

[bewurkje seksje] Skiednis

De namme Achtkarspelen wurdt foar it earst fermeld yn 1338 en ferwiist nei de acht oarspronklike karspels yn de gritenij, te witten: Stynsgea, Bûtenpost, Droegeham, De Koaten, Koartwâld, Lytsepost, Surhuzum en Twizel. Achtkarspelen naam lang in aparte plak yn yn Fryslân. Yn de Midsieuwen hearde Achtkarspelen ta it bisdom Münster, wylst de rest fan Fryslân ûnderdiel wie fan it bisdom Utert.

De gritenij Achtkarspelen waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering fan de gemeentewet fan Thorbecke yn Nederlân.

[bewurkje seksje] Eardere Boargemasters

  • L.J. (Louis) Lyklema (VVD) (augustus 2002 - 27 april 2007)
  • Bernard Schmidt (CDA) (-2002)

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

  • [1] - Webstee fan de gemeente
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings