Koatstertille

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Koatstertille
Himrik fan  Koatstertille
Gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 25 (as Koaten)
Ynwenners (2008) 2620
Huzen 987
Koördinaten 53° 12' NB, 6° 5' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9288
Webstee www.kootstertille.com


NH-tsjerke

Koatstertille, yn de folksmûle ek wol koartwei "De Tille" neamd, is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen. It leit east fan de Burgumer Mar oan it Prinses Margrietkanaal. Koatstertille hat likernôch 2.620 ynwenners (2008).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Fan oarsprong wie Koaten in boeredoarp (Koaten is ôflaat fan Cottum dat wer komt fan koaterboeren, ofwol "de koaters"). Trochdat yn 1571 de Spaanske offisier en steedhâlder Caspar de Robles de opdracht joech ta it graven fan it Knillesdjip, sûnt 1945 Prinses Margrietkanaal neamd, kamen der mear minsken wenjen yn de omkriten fan de brêge oer kanaal. Dizze delsetting krige de namme "De Tille" (de Fryske beneaming foar hege brêge).

Benammen om de ieuwikseling hinne kamen hjir û.o. inkele oaljemoles, in jeneverstokerij en in skipstimmerwerf; in ier begjin fan yndustrialisaasje dus. Ein jierren tritich fan de 20e ieu waard it kanaal om it doarp hinne lein, wêrtroch yn de foarm fan dearinnende earm in haven ûntstie, wêr't ferskate bedriuwen gebrûk fan makken. Dit hie ta gefolgen dat "De Tille" it doarp Koaten benefter liet en dêrom is yn 1959 de doarpsnamme Koaten opgien yn Koatstertille. Troch in wiziging fan it yndustrialisaasjebelied fan it Ryk waard Koatstertille oanwiisd as ûntwikkelingskearn.

[bewurkje seksje] Mienskip

Efter Doarpshűs It Tillehűs sit aktiviteitensintrum It Tillhûs. De stifting Revuploech Koatstertille bringt de lêste jierren in nijjiersrevu. It doarp hat trije skoallen.

Koatstertille oan it Prinses Margrietkanaal
Brêge oer Prinses Margriet kanaal by Koatsertille
Klokkestoel

[bewurkje seksje] Ferienings

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • De herfoarme tsjerke út 1883 hat in liedklok út 1759.
  • Yn 1976 begûn minister Jos van Kemenade mei stimulearringsûnderwiis, foar efterstânsproblemen by bern, ek op de skoallen yn Koatstertille.

[bewurkje seksje] Strjitten

De Strjitten yn Koatstertille

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen