Bûtenpost

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bûtenpost
Himrik fan  Bûtenpost
Gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 53
Ynwenners (2008) 5720
Huzen 2386
Koördinaten 53° 15' NB, 6° 8' EL
Netnûmer 0511
Postkoade 9285
Webstee www.binnenbuitenpost.nl


Tsjerke fan Bûtenpost
Tsjerketoer fan Bûtenpost
Ynterieur fan de tsjerke

Bûtenpost is it haadplak fan de gemeente Achtkarspelen, It doarp leit yn it noardeasten fan de gemeente en hat sa'n 5.720 ynwenners.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Bûtenpost leit yn it noarden fan Achtkarspelen tusken Grins en Ljouwert en dy lizzing is fanâlds fan belang west foar dit grinsdoarp. Yn eardere tiden hat Bûtenpost slim te lijen hân fan de striid tusken de Friezen en de Grinslanners. Lytsepost is in oangrinzjend buorskip. Bûtenpost is earder ûntstien út Lytsepost. De namme Bûtenpost ferwiist nei bûtenste wacht of fuotbrêge dy't eartiids post neamd waarden. Stadichoan fêstigen har der leden fan foarname Fryske famyljes; rouboerden yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke binne dêr stille tsjûgen fan. Eartiids wie hjir Boelens State. Yn de 19e ieu begûn Bûtenpost foardiel te lûken út de lizzing tusken twa haadstêden. Dit doarp waard pleisterplak foar de postweinen. De hynders ferdwûnen neidat yn 1866 de it spoar tusken Grins en Ljouwert iepene waard en kamen der auto's.

Buitenpost-Súd[bewurkje seksje | edit source]

Op 't heden wurdt der yn it suden fan Bûtenpost de nije wenwyk Bûtenpost-Súd boud. Mei koarten komt der ek in rûnwei east fan it doarp fan de rotonde yn it suden nei it buorskip De Lêste Stoer. Dizze rûnwei sil it spoar ûngelyk kruse middels in tunnel. It sil ek de oplossing wêze foar it drokke ferkear yn it sintrum fan Bûtenpost. Der sil dus ek in ôfslach komme nei yndustryterrein De Swadde.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Bûtenpost leit oan it spoar Grins-Ljouwert. Yn beide rjochtingen kin men trije kear yn't oere op de trein stappe. Twa dêrfan binne stoptreinen en ien is in sneltrein. It spoar en de Rykswei hawwe in soad bydragen oan de ûntwikkeling en ek de lizzing is fan grut belang.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

wynmûne fan Bûtenpost
  • De Mûnts, in oarspronklik út 1871 datearjende poldermole.
  • Iistidenmuseum, mei alderlei argeologyske fynsten út de iistiid yn Bûtenpost.
  • Der steane ferskate keunstwurken yn it doarp. Yn juny 2009 is der in nij keunstwurk setten op de hoeke fan it Nijenstijn Plein, in keunstwurk fan Hans Jouta út Ferwert. It wurk is fjouwer meter heech en hat de foarm fan in hynstesturt.
  • Jeltingahûs

De Kruidhof[bewurkje seksje | edit source]

Bûtenpost hat de grutste botanyske krûdetún fan Nederlân. Dit is de Kruidhof. Op de lokaasje fan 3,5 bunder binne bysûndere plantekolleksjes te besjen, lykas in in flintertûn en in ôfdieling mei túnkrûden en genêzende planten.

Flagge en Wapen[bewurkje seksje | edit source]

Bûtenpost hat yn it ferline in skoft by Westerkertier yn Grinslân heart. No't it al ieuwenlang yn Eastergoa yndield is en haadplak fan Achtkarspelen is waard foar it wapen ek oansluten by Eastergoa. yn read twa sulveren dwersbalken mei as oanfolling wapenfigueren dy't mei Bûtenpost te krijen hawwe.

Doarpswapens wurde faak ôflêzen fan de wynwizer of roas oan it krúus op it koar fan it tsjerkedak. Yn Bûtenpost stiet hjir in swart metalen krús mei in krânse fan acht leeljes (in Marije-embleem). De acht gouden leeljes binne oer de reade dielen fan it skyld siedde yn de getalsferhâlding 3:3:2. De twa sulveren dwersbalken binne elk mei in figuer yn Eastergoa-kleuren beladen. Op de midden fan de boppeste balke in seispuntige stjer. Yn de Fryske heraldyk is dit in saneamde "liedstjer", dy 't ferwiist nei de bestjoerlike lieding fan it gemeentehûs dat yn Bûtenpost stiet. Bûten Bûtenpost stiene eartiids in oantal aadlike states, lykas Jeltingastate en Herbrandastate. Fan alle famyljewapens fan de eigeners fan dy states, stiene yn trijefjirde diel ien of mear roazen. As ferwizing hjirnei stiet in reade roas yn de midden fan de ûnderste balke.

De liedstjer én de leelje komme werom yn de doarpsflagge fan Bûtenpost. Alhoewol't de flagge net formeel funksjoneel is, hat Pleatslik Belang de flagge yn 20007 oopnij yntrodusearre as symboal fan it doarpseigene.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Yn Bûtenpost stiet ek it gemeentehûs. It peil fan foarsjenningen en de lizzing soargje dat Bûtenpost in groeiende wenfunksje hat. Neist bassiskoallen 'de Lichtbron' (grifformeard), 'de Fontijn' (frijmakke) en 'de Mienskip' (iepenbier) is der it 'AOC' (middelber fmbû), en "It Lauwers Kolleezje" (middelber, gymnasium, fwû, hafû en fmbû). Der is ek in oerdekt swimbad ('De Kupe') en in sporthal. De doarpskrante is in inisjatyf fan Pleatslik Belang en hjit "De Binnenste Bûten". Histoarysk besjoen hat Bûtenpost altiten wat hân mei hynders. Elk jier is der yn july-augustus in feestwike mei aktiviteiten as in merke in merk en in konkoers hippique.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle strjitten yn Bûtenpost.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]