Botanyske Tún De Kruidhof

Ut Wikipedy
Rosarium
Boarterstún

Botanyske Tún De Kruidhof is in krûdetún yn Bûtenpost. Meiïnoar waakse der goed 2.000 plantesoarten op 3,5 hektare grûn. De tún is opdield yn 17 tematunen, wêrûnder de

  • Genêskrûdentún - sa’n 40 genêskrûden yndield nei gebrûk en tapassing. De yndieling bart troch professor van Os dy't ferneamd wurdt yn binnen- en bûtenlân.
  • Fruithôf - sa’n 100 âlde en nije fruitrassen
  • Midsiuwske kleastertún - basearre op dekreten fan Karel de Grutte.
  • Kokenkrûden
  • Flintertún
  • Alde kultuergewaaksen

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1930 wurdt begûn mei in proeftún foar grienten en fruit. Letter rjochtet de proeftún har mear op it kweken fan krûden. Yn de jierren santich nimt de gemeente Achtkarspelen De Kruidhof oer. De tún krijt in mear toeristyske funksje. It tal tematunen wurdt dan ek útwreide. Sûnt 2000 is Botanyske Tún De Kruidhof lid fan de Nederlandse Vereniging van Botanische Tuinen en registrearre as erkend museum.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Op it terrein sit ek it iistidenmuseum.
  • De ferkeaptún hat in grut tal fêste planten.
  • Yn it winkeltsje en it restaurant wurkje ferstanlik beheinden, kliïnten fan Talant.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: