Surhuzum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Surhuzum
Himrik fan  Surhuzum
Gemeente Achtkarspelen
Gritenij Achtkarspelen
Stimmen 66
Ynwenners (2012) 1348
Huzen 514
Koördinaten 53° 12' NB, 6° 10' EL
Netnûmer 0512
Postkoade 9283
Webstee www.surhuizum-online.nl


De tsjerke fan Surhuzum
Ferieningsgebou yn styl Amsterdamske Skoalle

Surhuzum is in doarp yn de gemeente Achtkarspelen, noard fan Surhústerfean. It doarp hat sa'n 1.379 ynwenners. Eartiids wie Surhuzum it grutste plak yn de gritenij Achtkarspelen. Yn it ferline binne ek oare nammefoarmen brûkt, Suter Husum, Suyer Huysum en Suuder Huusun. De namme betsjut soksawat as 'by de suderhuzen'.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Klok fan Surhuzum út de jitterij fan Falck

It doarp foarme de grutste kearn fan de acht kerspels yn de midsieuwen en foarme de grutste kearn fan de gritenij, wêrbuinnen ek it tsjerkedoarp Koartwâld lei (ien fan de acht kerspels), dat lykwols troch befolkingstekoart (om de tsjerke ûnderhâlde te kinnen) yn 1441 tastimming krige fan de paus om har oan te sluten by Surhuzum. Koartwâlde foarmet no in buorskip ten naorden fan Surhústerfean.

Surhuzum hie al yn begjin 13e ieu in stiennen tsjerke. Doe wie de ûntginning fan it omlizzend fean - wierskynlik mei de Lauwers en de Ried as ûntginningsassen fan wêrút men útein set is - safier foardere dat der in tsjerke stifte wurde koe. Op it âld tsjerhôf by it doarp kin al yn de 12e ieu in houten tsjerke stien hawwe, miene guon ûndersikers. Surhuzum wurdt foar it earst neamd doe't Olifernus preke op it tsjerkhôf yn 1217 wêrby't in blau krús oan de himel ferskynd wêze soe. Hy rôp de minsken op om diel te nimmen oan de Fiifde Krústocht. Yn 1217 soene leafst 80 skippen mei krúsfarders de Lauwers ôffearn wêze. Yn de fyftiger jierren wreide it doarp har út yn de rjochting fan de wei Bûtenpost - Surhústerfean.

Gebouwen[bewurkje seksje | edit source]

De earste stiennen tsjerke is yn 1594 ferwoastge troch de Spanjerts en yn 1617 mei in goatyske toer werboud. Yn 1734 waard er ôfbrutsen en folslein opnij boud, mei âlde kleastermoppen, oanfold mei lytse bakstien. Yn it koar sitte trije brânskildere ramen fan Ype Staak. De toer hat allinne in boppegrûnske ferbining mei de tsjerke, seldsum yn Fryslân, en hat in mitsele spits, ek seldsum. De klok, mei in trochsnee fan 1.22m en in gewicht fan 1100 kg, is getten troch Hans Falck yn 1630.

It behindige ferieningsgebou by de tsjerke, út 1929, is boud yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle nei in ûntwerp fan arsjitekt J. C Velding. Oarspronklik hie it hoektuorke in mei lead beklaaid koepelsje. It hat in monumintestatus.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Om doarpshûs de Delfeart wurd yn augustus de Spulwike Surhuzum holden. Underdiel dêrfan is it WK seineharjen. Yn de Delfeart komt ek de feriening foar Pleatslik Belang gear. Oan de Lustenburg stiet de Johannes Looyengaskoalle, en oan de W.B. van der Koaiwei yn Stynsgea stiet pjutteboartersplak 'it Hummelhoekje'.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

It sportpark hjit De Woudlust.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Oer de strjitten fan Surhuzum.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Busline fan ferfierder Qbuzz:

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. J. de Langen, Middeleeuws Friesland. De economische ontwikkeling van het gewest Oostergo in de vroege en volle Middeleeuwen. 1992. (Foar tsjerke en ûntginning)