Goaitsen van der Vliet

Ut Wikipedy
Goaitsen van der Vliet
sjonger en/of muzikant
Goaitsen van der Vliet op Rock Werchter (2008)
Goaitsen van der Vliet op Rock Werchter (2008)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 desimber 1951
berteplak Surhuzum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Frysk

Goaitsen (Goos) van der Vliet, (Surhuzum, 30 desimber 1951) is útjouwer, konservator fan de Twintske Taalbank en de makker fan it grutste Twintske wurdboek.
Hy skriuwt ek yn it Frysk en wie sjonger/gitarist fan de earste Frysktalige Rockploech Spul. Krige twa kear in Rely Jorritsmapriis en wûn de Twintske Taalpriis 2011.

Utjouwerij en skriuwerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei syn ienmansbedriuw nl:De Oare útjouwerij jout Van der Vliet literatuer, poëzij, byldzjende keunst, streektaalwurk, gelegenheidswurk en (sûnt 1994) it 'Blad in t plat' De Nieje Tied út. De útjouwerij publisearret yn it Nederlânsk, Frysk en Twintsk en sit yn Ynskedee. In bekende útjefte, dy't oan it begjin stie fan Van der Vliet syn ynteresse foar it Twintsk, is Heftan tattat! ('gedichtn in t stadsplat') fan Willem Wilmink (1992).[1]

Under de titel De Verdichting publisearre hy Twintske oersettings fan gedichten út ferskate talen yn it Twintske wykblêd De Roskam.[2] Mei Frank Löwik makke hy de Twintske oersetting foar it stripboek Asterix den Galliër (1997), dat hy ek útjûn hat.[3] Ek wie hy taalcoach (earste jier) en oersetter fan de dialogen yn it Twintsk (twadde jier) foar de regiosoap Van Jonge Leu en Oale Groond.

Standert skriuwwize[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Van der Vliet is de Standaard Schriefwieze foar Twintske en besibbe streektalen. Dizze skriuwwize is de meast gongbere foar it Twintsk neist de nijste skriuwwize fan de Kreenk vuur de Twentse Sproak. De Standert Skriuwwize waard basearre op in eardere Kreenk-skriuwwize, mar der binne regels by dien dy't neffens Van der Vliet de lêsberheid ferheegje en it grut ferskaat oan Twintske streektaalfarianten better werjaan kinne.[4] De Standert Skriuwwize is fonetysker as de measte oare skriuwwizen foar it Nedersaksysk as it giet om de útgong -n (maakn, beginn, teagn) yn stee fan -en (maken, beginnen, teagen).

Dialexicon Twintsk, films, Twintske Taalbank[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Vliet is de gearstaller fan it Dialexicon Twents, in digitaal wurdboek mei (yn april 2011) mear as 50.000 trefwurden en 25.000 útdrukkings, Twintsk-Nederlânsk en Nederlânsk-Twintsk. 't Giet út fan de Standert Skriuwwize.[5]

Mei regisseur Patrick Drijver makke hy foar it museum TwentseWelle yn 2007 de koarte films Hoe kleiner hoe meer (Nanotechnology yn Twinte), Oude grond, nieuwe plannen (Feroarings op it Twintske plattelân) en Rijles in een andere wereld (De scootmobylsimulator).

Goaitsen van der Vliet is betinker, en (sûnt 1 septimber 2010) konservator fan de Twintske Taalbank, in mearjierrich projekt fan de Aldheidkeamer Twinte mei subsydzje fan de provinsje Oerisel en de Mondriaan Stichting foar it finen, it yn kaart bringen, it sammeljen, it behâld en it tagonklik meitsjen fan alles dat yn lange jierren yn en oer it Twinske dialekt yn de wrâld komd is.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1976 - It doarp mei de lege wei
1975 - Ik wit it wol, ik wil it wol

Rockploech Spul[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rjochte yn 1977 út de kabaretploech fan it Frysk Studinte­selskip oan de THT (no UT) yn Ynskedee mei Bauke Kuiper (basgitaar) en Reinder Wassenaar (slachreau) Rockploech Spul op. It wie de earste Frysktalige band. Goaitsen kombinearre it sjongen mei de slachgitaar. Geandewei skreau er sels de komposysjes en Fryske teksten foar de single en letter de live CD. Se spilen ûnder oare op Aaipop. By harren earste ôfskie (1981) wienen groepen as Okke Hel (fan Piter Wilkens) en Skuor yn it opkommen. Nei 1993 wie it definityf dien mei de band dy't benammen it oerbringen fan de yntinsje fan muzyk en Fryske tekst as doel hie.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Projekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De 13 fan Obbe Sjutsje, 'De singeliere histoarje fan de Postma's fan 'e Sânfurdterryp' (boek 2022, yn 'e mande mei Mechtilde Postma)
  • Twentse Taalbank (2010-no)
  • Dialexicon Twents (fergees digitaal wurdboek, 1992-no)
  • Doordouwers en verhalenbouwers, 'Merken gesterkt in Twente' (boek 2005, yn 'e mande mei Bert de Haan)
  • De verdichting (poëzijoersettings yn it Twintsk, 2003)
  • Rockploech Spul (earste Frysktalige rockband, 1976-1982)

Ynterviews yn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Friesch Dagblad (2022)
  • Alumni Magazine (2007)
  • De Roskam (2006)
  • Frysk & Frij (1988)

Artikels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Over de toekomst van het Twents (1997)

Ynstjoerd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Warmtegordijn en terrasverwarming - Laat maar waaien? (2007)
  • Medendorps Modderpoel (2006)

Frysk ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Oersetting Hey Jude (2007)
  • It Frysk Studinteselskip Twinte (1973-1979) (1997)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webstee van De Oare útjouwerij
  2. De Verdichting, Twèentse poëzievertalings deur Goaitsen van der Vliet
  3. Oer Asterix de Galjer
  4. Standert Skriuwwize (rtf-triem)
  5. Dialexicon Twents, digitaal Twintsk wurdboek