Drachten
|
|||||
| Gemeente | Smellingerlân | ||||
| Ynwennertal (2006) | 44434 | ||||
| Webstee | http://www.smallingerland.nl | ||||
Drachten is in flekke yn de gemeente Smellingerlân, yn it easten fan Fryslân. It is it grutste wenplak fan de gemeente mei likernôch 44.443 ynwenners (2006) en der binne mear as 22.000 arbeidsplakken. Nei Ljouwert is Drachten in grutte it twadde plak fan Fryslân. De namme 'Drachten', foarhinne 'Dragten', is wierskynlik oflaat fan 'Drait'. De Drait wie in streamke dat útkaam yn de Smelle Ie. It gebiet eastlik fan it plak wie ryk oan heechfean.
Kiryat Ono yn Israel en Gobabis yn Namybje binne sustersteden fan Drachten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Drachten.
Drachten is ûntstien op east-igge fan it rivierke 'De Drait'. Om it jier 1200 waard der in lytse stiennen tsjerke set (op it plak fan de hjoeddeiske PKN-tsjerke 'de Arke'). Dy tsjerke is sa'n 200 jier brûkt, oant it opkommend wetter de minsken fierder nei it easten dreaun. Dêr ûnstienen Noarder Drachten en Suder Drachten.
Om 1550 hinne wie de Hollânske feanreserve op. Turf wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikuliren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân. It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de 17e ieu wie lykwols grutter dan't Fryslân leverje koe.
Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út Den Haach, de 'Drachtster Kompanjons'. Ien fan dizze jildsjitters wie sakeman Passchier Hendriks Bolleman út Den Haach. Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne bestimd wie foar de Hollânske yndustry. Foar it ferfier per skip waard de Drachtster Kompanjonsfeart, de Dwersfeart en guon wiken oanlein. 800 arbeiders hawwe in jier lang oan't dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen. Op it plak dêr't de nije feart en de âlde wei fan noard- nei Súd-Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten. Der ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen, herbergen, winkels, touslaggerijen, ensafuorthinne. It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang (it hat sels laat ta Passchier Bolleman's fallisemint). Doe't it ferfeanjen dien wie, bleaune earme arbeiders efter; guon waarden gernier, mar de measten wienen net sa gelokkich.
It hat oant begjin 19e ieu duorre ear't de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen. [1] Om 1830 waard der in gemeentehûs set en ferhúzen in soad notabelen fan Aldegea nei Drachten.
Drachten hat nea stedsrjochten krige, dat it is hieltiid noch in flekke (allinnich troch grutte, yndustry en iepenbiere foarsjenningen wurdt Drachten faak in stêd neamd). Begjin jierren fyftich fan de 20e ieu hie it plak tsientûzen ynwenners. Yn 1950 kaam der in fabryk fan Philips wêrnei it tal ynwenners hurd omheech gie.
[bewurkje seksje] Religy
Yn Drachten stiet de Frije Baptistegemeente Bethel. Dizze baptistegemeente is bot groeid de lêste jierren. Orlando Bottenbley is de foargonger.
Neist dizze tsjerke binne noch in soad tsjerklike denominaasjes fertsjintwurdige, sa as Griffermearde Tsjerken, Herfoarme Gemeenten, PKN, Pinkstergemeenten, Folle Evangelyskegemeente, ensafuorthinne. Drachten hat lange tiid de grutste grifformearde gemeente fan Nederlân hân.
Troch it asylsikersintrum is der ek in lytse Moslim-mienskip.
[bewurkje seksje] Wiken
|
[bewurkje seksje] Ferkear en Ferfier
[bewurkje seksje] Auto
Drachten leit oan de autosnelwei A7 tusken It Hearrenfean en Grins, oan de N31 nei Ljouwert en oan de N381 nei Emmen (Drinte).
[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier
Drachten is ien fan de pear gruttere Nederlânske plakken sûnder treinferbining, en nei alle gedachten sels it grutste Nederlânske plak sûnder spoarferbining (fan hokfoar soart spoar dan ek, brûkt as net-brûkt); de spoarline Grins - Drachten, (in âlde tramline dy't nei de oarloch foar frachtferfier brûkt is) is yn 1985 sluten. Hjiryn hier feroaring komme kinnen at it Suderseespoar tusken Skiphol en Grins oanlein wie, mar dat is net bart. Men hopet anno 2009 op in lightrail-ferbining mei Grins en It Hearrenfean.
It busferfier wurdt haadsaaklik fersoarge troch Qbuzz. De stedsbus fân Drachten wurd riden as line 12. Streekrjochte ferbiningen binne der ûnder oaren nei Ljouwert, It Hearrenfean, Grins en Assen. De measte bussen fertrekke fan it Van Knobelsdorffplein.
- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
[bewurkje seksje] Fleanfjild
Drachten hat ek in fleanfjildsje: Fleanfjild Drachten, in earder airstrip fan Philips.
[bewurkje seksje] Wetterwegen
Nei it yndustryterrein de Haven rint de Farwei Drachten. Dizze farwei is ferbûn mei it Prinses Margrietkanaal en sa mei it lanlike farwegennet.
[bewurkje seksje] Yndustry
Sûnt 1950 sit yn Drachten in fabryk fan it Nederlânske elektroanikakonsern Philips, wêr 't de wrâldferneamde Philishave-skearapparaten makke wurde. It fabryk begûn yn 1950 mei 14 meiwurkers. Wyls wurkje der twatûzen minsken.
Yn Drachten is ek it grutste yndustryterrein fan noard-Nederlân: Yndustryterrein de Haven. Oan de oare kant fan Drachten is lâns de snelwei A7 yndustryterrein Azeven oanlein, alhoewol't dit terrein feitlik yn de gemeente Opsterlân leit.
[bewurkje seksje] Kultuer en rekreaasje
Drachten hat in grut en modern teater: De Lawei en in jongereinsintrum/poppoadium Iduna . It Museum Smellingerlân, sit yn in âld kleaster. It toant wurk fan Fryske keunstners as Pier Pander en Sjoerd de Roos, en hat dêrneist oar wurk fan De Styl-keunstner Theo van Doesburg, sys Drachtster geastbesibben de bruorren Evert en Thijs Rinsema, en de Dada-keunstner Kurt Schwitters. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út 1921. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de Papegaaiebuert neamd.
Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstrydbad. Breedtesport kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakomodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foarhandikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it skûtsjesilen, mei twa skûtsjes :d'Halve Maen en Drachten.
[bewurkje seksje] Fytsbrêgen
In it foarjier fan 2006 waarden yn Drachten twa unike fytsbrêgen iepene:
- De Ring is in fytsbrêge oer de snelwei A7 en is in mienskiplik projekt fan de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân.
- De Slinger is in fytsbrêge oer de Suderhegewei fan de Oerstesingel ôf nei de Ikesingel. Mei de 240 meter lingte is it de grutste fytsbrêge yn Noard-Nederlân. De brêge is boppe in rotonde boud en dizze beide soargje tegearre foar in goede trochstreaming fan it ferkear. Eardat de rotonde oanlein waard moasten fytsers en fuotgongers fia in oerstekplak mei ferkearsljochten oer it krúspunt hinne. Dit levere in soad files op, omdat it krúspunt flakby de ôfrit fan de snelwei leit. De brêge sels is frij steil te neamen, wat in pear problemen oplevert foar âlderein en bern. Gelokkich is der yn it midden fan de brêge in útsjochplak makke, wêr't op it oare ferkear delsjoen wurde kin. Om it platfoarm is in stek mei spilen. Dêrboppe sit noch in grutte kegel dy de totale híchte fan de brêge 30 meter makket. Jûns is de hiele fytsbrêge ferljochte.
[bewurkje seksje] Blauwe wei
As tarieding op de oanlis fan de Drachtster Feart yn in Moleneind ûntwurp keunstner Henk Hofstra in symboalyske blauwe wei mei in ôfmjitting fan tsien by tûzen meter. Hjiryn ferskynt yn it wyt de tekst Wetter is libben, wat teffens de titel fan it keunstwurk is. Dit late ta in soad protest fan de omwenjenden, omdat se hjir foarôf net of kwealik fan op'e hichte brocht binne. Ek koste it tydlike projekt de gemeente in bedrach fan € 37.500. De blauwe wei levere Drachten wol in oantal berjochten yn de nasjonale en ek ynternasjonale parse op.
[bewurkje seksje] Sport
Drachten hat in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstriidbad. Breedtesport kin yn Drachten dien wurde yn meardere sportakkomodaasjes. Dêrneist is der in ferskaat oanbod fan handikaptesport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten hat sûnt 2005 ek in eigen skeelerbaan.
Drachten docht ek mei oan it skûtsjesilen, mei twa skûtsjes: d'Halve Maen en Drachten. Sportferienings:
[bewurkje seksje] Befolking
| jier | oantal ynwenners |
|---|---|
| 1849 | 4.448 |
| 1869 | 5.245 |
| 1920 | 5.334 |
| 1947 | 9.249 |
| 1950 | likernôch 10.000 |
| 1954 | 11.052 |
| 1959 | 15.902 |
| 1964 | 21.752 |
| 1969 | 28.972 |
| 1974 | 35.092 |
| 2004 | 42.420 |
| 2009 | 44.629 |
[bewurkje seksje] Freonskipsbân mei Gobabis
Yn 2010 bestiet de bân mei Gobabis 15 jier. Yn dy tiid binne ferskate projekten opset mei jildlike- en saakkundige stipe fan Smellingerlân. Beide gemeenten hawwe omtinken jûn oan saken as: húsfestjen, ferwurking fan smoargens, ferbettering fan de brânwar, it foarkommen fan HIV/Aids en it opsetten fan kompjûterûnderwiis. Guon projekten hawwe al laat ta ferbetterings, benammen ûnder de meast earmen. Ut tank had de gemeente Gobabis, by gelegenheid fan it 15 jierrich jubileum fan de bân, in nije wenwyk nei wethâlder Jan Rozema neamd, de 'Rozema Heights'. [2]
[bewurkje seksje] Strjitten
- De strjitten yn Drachten.
- Oostra, Jolt, Drachtster namen, toponomie van Drachten, 1987.
[bewurkje seksje] Berne yn Drachten
- Binne Bolleman van der Veen (24 maart 1818 – 1892), auteur
- Ietje Kooistra (8 jannewaris 1861 – Apeldoorn, 25 augustus 1923), pedagoge en direktrise fan de Rykskweekskoalle foar Underwizeressen
- Pier Pander (1864–1919), byldhouwer
- A.A. Verdenius (7 maart 1876 - Arnhim 18 oktober 1950), auteur
- Thijs Rinsema (18 juny 1877 – Smellingerlân, 1 maart 1947), keunstner en skuonmakker
- S.H. de Roos (14 septimber 1877 - Haarlim, 3 april 1962), letterûntwerper, boekfersoarger en keunstner
- Evert Rinsema (1880-?), dichter en skuonmakker, broer fan Thijs Rinsema
- Fedde Schurer (25 july 1898 - It Hearrenfean 19 maart 1968), Frysk dichter
- Sieuwert Bruins Slot (8 jannewaris 1906 - Haarlim, 4 april 1972), Nederlânsk politikus (ARP) en haadredacteur fan deiblêd Trouw
- Gerben Sonderman (29 desimber 1908 — Hagestown, Maryland, Feriene Steaten, 20 oktober 1955),testpiloat by Fokker, persoanlijk fleander fan prins Bernhard
- Sjoerd Leiker (28 maaie 1914 – Hoarn 15 desimber 1988), auteur
- Ellen de Thouars (11 april 1915 – Amsterdam, 14 july 1997), aktrise
- Jan Frearks van der Bij (4 novimber 1922), keunstner
- Harry Kuitert (11 novimber 1924), Nederlânsk teolooch
- Klaas de Jong Ozn. (27 febrewaris 1926 - 28 febrewaris 2011), steatssiktaris Underwiis en Wittenskippen (1978-1981)
- Jan Lammers (30 septimber 1926 - 1 septimber 2011), sprinter
- Reinder van der Leest (29 juny 1933), auteur
- Anne Woudwijk (11 maaie 1952), byldhouwer
- Auke Herrema (16 desimber 1956), illustrator, cartoonist
- Gerrit Hiemstra (19 augustus 1961), waarman by it NOS Sjoernaal
- Jaap Paauwe (17 april 1963), fuotballer
- Johan Leutscher (26 july 1964), frysk roeier
- Barbara van Beukering, 7 septimber 1966, sjoernaliste
- Jack de Vries (25 july 1968), steatssekretaris
- Laura Vlasblom (8 oktober 1968), sjongster (û.a. Kinderen voor Kinderen, Frizzle Sizzle)
- Arjan Hut (19 jannewaris 1976), stedsdichter
- Youssef Idilbi (7 maaie 1976 - 15 maaie 2008), akteur
- Mads Wittermans (22 jannewaris 1977), akteur
- Wim Stroetinga (23 maaie 1985), hurdfytser
- Tim Douwsma - 4 novimber 1987, sjonger
- Iris Kroes - 11 novimber 1992 Winnares The Voice Of Holland 2012.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
