Reinder Brolsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Reinder Brolsma

Reinder Brolsma (Stiens, 23 maaie 1882 - Ljouwert, 23 novimber 1953) wie in Frysk skriuwer en sjoernalist.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libben

As ien fan de acht bern fan Uilke Hessels Brolsma en Jantsje Jolkes Timmerman kaam Brolsma op syn sechtjinde yn de lear by syn âldere broer Jolke om ferver te wurden. Yn 1910 festige hy him as ferversbaas yn Lichtaard. Letter wurke er as sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Hy skreau ûnder mear de rubryk 'Gesprekken op de brug'. Op 5 maart 1910 troude Brolsma yn Ferwert mei Janke Lieuwes Westerbaan. It pear krige trije bern. Soan Lieuwe Brolsma en pakesizzer Ulke Hessel Brolsma hawwe ek yn it Frysk publisearre. De lêste fjirtjin dagen fan syn libben wenne Brolsma yn it St. Anthonius Gasthûs. Brolsma kaam om troch selsferdrinking yn it Van Harinxmakanaal. Dy selsmoard wie mooglik mei it gefolch fan syn hâlden en dragen yn de oarloch. Yn 2001 ferskynde de biografy Sa'n tûzen blauwe skriften fan de hân fan Doeke Sijens.

[bewurkje seksje] Wurken

Yn syn soad romans, ferhalen, sketsen en toanielstikken toant er him in skerp waarnimmer fan it libben op it plattelân en fan de gewoane man en efterbuertbewenner út de stêd. Syn wurk is realistysk, mei in mylde blik op syn meiminske. Faak byldet er de minsken út yn de swiere striid om it bestean, lykas dy yn de lânboukrises fan 1880 en 1930 troch in soad fierd wurde moasten. Hy ûntliende syn ynspiraasje faak oan de doarpsbewenners fan syn berteplak Stiens of oan syn húshâlding, bygelyks syn ferhaal 'Hy' yn 'Sa seach ik Fryslan'. Brolsma wie sekretaris fan de rederikerskeamer Halbertsma yn Stiens. Syn earste publikaasje, it koarte ferhaal 'Sinnestrielen', ferskynde yn 1903 yn it tydskrift Sljucht en rjucht. Yn It Beaken, tydskrift fan de Fryske Akademy, jiergong 1971, is in beskriuwing jûn fan Brolsma's wurk. Manuskripten, brieven en soksoarte binne troch de famylje yn brûklien jûn oan it Frysk Letterkundich Museum.

[bewurkje seksje] Twadde Wrâldoarloch

Yn de Twadde Wrâldoarloch liet Brolsma ta dat syn literêre wurk brûkt waard yn tsjinst fan it kultuerbeleid fan de Dútse besetter en syn hantlangers. Yn 1942 akseptearre hy de Harmen Sytstra-priis foar Fryske letteren fan it nasjonaalsosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten. Op 25 jannewaris 1942 hold er op de radio in praatsje oer it eigen wurk. Yn 1943 ferskynden twa printingen fan syn roman De stroojonker, út it Frysk yn it Nederlânsk oerset troch J.D. de Jong en H.D. Vriesema by de nasjonaalsosjalistyske útjouwerij De Schouw. Syn gedrach hie ta gefolch dat him yn 1945 foar koarte tiid in publikaasjeferbod oplein waard.

[bewurkje seksje] Publikaasjes

[bewurkje seksje] Romans

  • 1926 - It Heechhof (diel 1 fan de trilogy It Heechhof, 7de pr. yn 1993)
  • 1929 - De Skarlún (2de pr. yn 1953)
  • 1934 - Sate Humalda (3de pr. yn 2004, mei ynlieding en taljochting fan Doeke Sijens)
  • 1938 - It Aldlan (diel 2 fan de trilogy It Heechhof, 5de pr. yn 1969)
  • 1940 - Groun en minsken (6de pr. yn 1995)
  • 1941 - It widdou's bern
  • 1947 - Richt (diel 3 fan de trilogy It Heechhof, 3de yn 1993)
  • 1994 : Heechhôf-trilogy (dêryn: It Heechhôf, It Aldlân en Richt)

[bewurkje seksje] Novellen en ferhalebondels

  • 1923 - It forgift
  • 1927 - Spegels
  • 1928 - De boer en de arbeider op Ekema
  • 1930 - De reamme fan it libben
  • 1931 - Neisimmer
  • 1932 - Salmsteich, in forhael út ’e rige Sate Humalda
  • 1933 - De reis nei it âlde doarp (2de pr. yn 1942)
  • 1933 - De bouwers, in forhael út ’e rige Sate Humalda
  • 1934 - Fen it Hegelân, in forhael út ’e rige Sate Humalda
  • 1934 - Trije novellen
  • 1935 - Mearke út Noardlik Fryslân
  • 1936 - Striid en oare ferhalen
  • 1940 - Mame en de greate boer
  • 1940 - Bylâns de wei (2de pr. yn 1973)
  • 1942 - Ypeus
  • 1951 - Sa seach ik Fryslân (2de pr. yn 1962)
  • 1952 - Folk fan Fryslân
  • 2002 - Ut stêd en doarp, tsien ferhalen
  • 2011 - Spegel fan Fryslân

[bewurkje seksje] Toaniel

  • 1931 - Under it skaed fen justysje
  • 1934 - Estafette
  • 1936 - Pension “Nij Frisia”
  • 1937 - Trammelantsje
  • 1939 - De Nôtharne

[bewurkje seksje] Prizen

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen