James Fenimore Cooper

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
James Fenimore Cooper troch Jarvis

James Fenimore Cooper (Burlington (New Jersey), 15 septimber 1789 - Cooperstown (New York), 14 septimber 1851) wie in Amerikaansk skriuwer. Hy is fral bekend wurden as skriuwer fan in grut tal hystoaryske- en seeferhalen, de Leatherstocking Tales, mei Natty Bumppo yn de haadrol. Mar syn ferneamdste wurk is dochs wol De Lêste fan de Mohikanen, faak beskôge as syn masterwurk. Troch dizze beide is er no noch omtinken foar Cooper.

Mei 22 jier troude er mei Susan DeLancey. Hja krigen 7 bern.

Stânbyld yn Cooperstown, New York.

Cooper wie ien fan populêrste 19e ieuske Amerikaanske skriuwers en syn wurk waard wrâldwiid wurdearre. De Eastenrykske komponist Franz Schubert lies him op syn stjerbêd. Honoré de Balzac hie grutte bewûndering foar syn wurk. Cooper's ferhalen binne oerset yn hast alle Jeropeeske talen en ek yn guon Aziatyske talen.

Guon rekkenje Cooper ta de Romantyske skriuwers, oaren net. Victor Hugo ferklearre Cooper ta in grut master fan de moderne Romantyk. Mark Twain stie tige kritysk foar him oer. Benammen ek syn frouljusportretten wurden troch guon kritisy net wurdearre.

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen