Reisferhaal

Ut Wikipedy

In reisferhaal is in reälistysk presintearre reisferslach, dêr't algemien in beskate literêre wearde oan takend wurdt. Oars as in normaal reisferslach is it lykwols gjin rapportaazje oan in belanghawwende, mar bedoeld foar in breder publyk. Likegoed is foar de ierste foarmen fan reisbeskriuwings fakentiden mar dreech ûnderskie te meitsjen tusken reisferhalen en reisferslaggen. Yn it foarste plak kin de histoaryske rekonstruksje swierrichheden opsmite, mei as gefolch dat it wierheidsgehalte fan 'e tekst of it bestean fan in opdrachtjouwer net te efterheljen is. Dêrby komt noch dat dizze âldste wurken ûnderwilens troch feroarjende omstannichheden harren rapportearjend karakter ferlern hawwe, al binne se faak noch wol fan ûnskatbere wearde as histoaryske boarnen.

By in wier reisferhaal is it de bedoeling dat it om in wurk fan non-fiksje giet, en dat de skriuwer de beskreaune foarfallen dus net út 'e tomme sûcht. By de âldste reisferhalen is it gauris net mear dúdlik út te meitsjen wat echt is en wat betocht is (en dus hoe betrouber oft de skriuwer wie), nammenste mear om't men der foarhinne folle mear as no gjin bien yn seach om in ferslach "op te leukjen" mei oerdriuwings of folslein fiktive barrens. Dêrnjonken bestiet der ek in sjenre fan 'e fiksje dat in (folslein betocht) ferhaal yn 'e foarm fan in reisferhaal presintearret; sokke teksten wurde imazjinêre reisferhalen neamd. Foarbylden binne Robinson Crusoe, fan Daniel Defoe, en Gulliver's Travels, fan Jonathan Swift. Sels de Odyssee, fan Homêros, soe men as sadanich beskôgje kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.