De Fûke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Fûke is in boek fan Rink van der Velde út 1966 dat him ôfspilet yn de Twadde Wrâldkriich. Yn 1995 hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op 'e nij besjoen.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Krekt as yn hiel Nederlân dûke der ek Joaden ûnder yn Fryslân. Ek by in ielfisker dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de Tsjûkemar wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’e mar. De oare deis komt de plysje mei de Dútsers Germ syn heit opheljen om him te ferhearren. De anargistyske ielfisker siet al faker foar ferhoar, en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket hy hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As syn heit dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein.

De film[bewurkje seksje | edit source]

De Fûke is de twadde Fryske (lowbudget) spylfilm fan Steven de Jong. De film kaam yn 2000 yn de bioskopen. Rink van der Velde skreaun it senario tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan De Kast. De ielfisker hat yn de film in namme krigen: Jelle.

Yn de film spylje:

Yn 2001 waard de film yn trije dielen op televyzje fertoand.

Oersettingen[bewurkje seksje | edit source]

  • 'De Fuik' (in oersetting fan Jan J. Bijlsma) waard yn 1970 útjûn yn de Wereldbibliotheek en letter yn 'e Zilverschoonrige.
  • De Fûke is ek yn it Ingelsk ('The Trap', Henry J. Baron 1995) en yn it Oekraynsk ('Wjersha', Yuri O. Zhluktenko 1983) oerset. De Oekraynske oersetting is polityk en eroatysk sinsurearre. Dat koe yn de Sovjet-uny net oars. Zhluktenko wist boppedat net krekt hoe 't al dat fiskersark wurke.
  • De Hebrieuske oersetting, makke troch Rink syn dochter Wytske, is noch net publisearre.