Hella Haasse

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Hella Haase")
Gean nei: navigaasje, sykje
Hella Haasse yn 2007

Hélène Serafia (Hella) Haasse (Batavia, 2 febrewaris 1918Amsterdam, 29 septimber 2011) wie in Nederlânsk skriuwster. Sy wie ien fan de earste Nederlânske skriuwers dy't foar har wurk aktyf omtinke frege yn it bûtenlân aktyf; sy heart by de meast lêzen Nederlânske skriuwers yn it bûtenlân.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Haasse wie in dochter fan Willem Hendrik Haasse, dy't boeken skreau ûnder it pseudonym W.H. van Eemlandt, en de konsertpianiste Katharina Diehm Winzenhöhler.

Haasse folge nei in twajierrich ferbliuw (1920-1921) yn Nederlân de beukerskoalle en katolike legere skoalle yn Soerabaja, Yndoneezje. Yn 1924 gie sy nei werom ei Jeropa omdat har mem opnaam wurde moast yn in sanatoarium yn Davos. Haasse wenne efterenoar by har beppe yn Heemstede en yn in bernepension yn Baarn. Yn 1928 kearde de famylje werom nei Nederlânsk-Ynje, dêr't Haasse har middelbere skoalle trochrûn. Dêrnei ferfarre sy yn 1938 nei Nederlân om Skandinavyske taal- en letterkunde studearjen te gean. Yn 1941 stoppe Haasse mei har stúdzje en begûn mei in oplieding oan de Amsterdamske Toanielskalle. Op 18 febrewaris 1944 troude sy mei Jan van Lelyveld (1918-2008), der't sy yn 1939 kunde oan krigen hie by Propria Cures, en beëinige har toanielkarrêre. Wol bleau sy kabaretteksten skriuwen, ûnder mear foar Wim Sonneveld. Haasse en Van Lelyveld krigen tusken 1944 en 1951 trije dochters. De âldste ferstoar yn 1947. Yn 1981 ferfarre Haasse mei har man nei Frankryk.

Haasse stoar nei in koart syktebed op tongersdei 29 september 2011 yn de âldens fan 93 jier.[1]

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

In oantal fan Haasses boeken hat it libben yn Nederlânsk-Ynje as ûnderwerp, sa ek de roman Oeroeg, dêr't sy mei trochbruts en dat útkeazen waard foar foar de kampanje "Nederlân Lêst" yn 2009, en ek har aldergrutste suksesroman yn Nederlân: "Heren van de thee".

Oer har boek Bij de Les = Schoolplaten van Nederlands Indië, oer in fjirtichtal skoalleplaten, hellet sy herinneringen út Ynje op. Oer har ferbliuw dêre skriuwt sy it folgjende: De havenplaat (yn Ynje) is, lykas in protte oare yn Bij de les, makke troch Frits van Bemmel. Hella Haasse neamt de platen dy't sy sammelt foar Bij de les net yn earsten ynstânsje nostalgysk. Sy skriuwt Ik kin my net te binnen bringe se ea sjoen te hawwen yn de skoallen yn Batavia, Buitenzorg en Bandoeng, dêr't ik as bern yn de jierren tweintich en tritich fan de foarige ieu west haw. Yllustratyf is de plaat "Achtererf", dêr't him efter yn de tún in waskline ôftekenet mei dêrefter in skutting. 'Is Frits fan Bemmel sels ea in "Yndysk" bern west?', freget Haasse har op de side njonken de plaat ôf. Zijn "Achtererf" zou je eerder in Blaricum of Doorn of in een ander dorp verwachten.

Fierders hat sy in tal histoaryske romans skreaun, dêr't de bekendste Het woud der verwachting fan is. Mei "Schaduwbeeld" brocht se de min of mear ferjitten baron Joan Derk van der Capellen tot den Pol wer ta libben.

De personaazjes yn har boeken komt se noch faak tsjin yn har dreamen, seit se. "Ik ha in hiele famylje foar mysels kreëarre dêr't ik noch faak oan tink (...) je reitsje se nea kwyt".

Yn it foarjier fan 2007 ûntduts Haasse by har thús âlde krantestikken mei in aventoerenroman, Sterrenjacht, dy sy yn 1949 skreau en yn 1950 as feuilleton ferskynd is yn Het Parool, ûnder it pseudonym C.J. van der Sevensterre. Oant 2007 wie net bekend dat Haasse efter dat pseudonym siet. [2]

Koart nei it ferskinen fan it boek Sterrenjacht in juny 2007 ward bekendmakke dat planetoïde 10250 de namme Hellahaasse krige. De planetoïde is ûntdutsen troch stjerrekundigen út Leien dy't dêrom de namme bepale mochten. Planetoïde (10250) Hellahaasse hat in diameter fan goed 4 km en foltôget yn 3,57 jier in folsleine omrin om de sinne hinne.

Hella Haasse museum[bewurkje seksje | edit source]

Haasse hat in firtueel museum op ynternet.

Prizenen ûnderskiedingen[bewurkje seksje | edit source]

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 1945 - Stroomversnelling (gedichten)
  • 1947 - Kleren maken de vrouw
  • 1948 - Oeroeg (boekenwikepresint, ferfilme yn 1993)
  • 1949 - Het woud der verwachting. Het leven van Charles van Orléans (roman)
  • 1950 - Sterrenjacht (feuilleton yn Het Parool, ûnder pseudonym fan C.J. van der Sevensterre[2])
  • 1950 - De verborgen bron (roman)
  • 1952 - De scharlaken stad (roman)
  • 1954 - Zelfportret als legkaart (autobiografy)
  • 1957 - De ingewijden (roman)
  • 1957 - De Vijfde Trede (boek fan har heit troch Hella Haasse foltôge)
  • 1959 - Dat weet ik zelf niet (boekewikepresint)
  • 1959 - Een kom water, een test vuur (essees)
  • 1960 - Cider voor arme mensen (roman)
  • 1962 - De meermin (roman)
  • 1966 - Een nieuwer testament (roman)
  • 1967 - Persoonsbewijs (autobiografy)
  • 1968 - De tuinen van Bomarzo (essees)[3]
  • 1970 - Krassen op een rots. Notities bij een reis op Java (essays)
  • 1970 - Tweemaal Vestdijk (essays)
  • 1971 - Huurders en onderhuurders (roman)
  • 1972 - Zelfstandig, bijvoeglijk (essees)
  • 1973 - De Meester van de Neerdaling (ferhalen)
  • 1976 - Een gevaarlijke verhouding of Daal-en-Bergse brieven (roman)
  • 1978 - Mevrouw Bentinck of Onverenigbaarheid van karakter (roman)
  • 1981 - De groten der aarde of Bentinck tegen Bentinck (roman)
  • 1982 - Een draad in het donker (toanielstik)
  • 1983 - De wegen der verbeelding (roman)
  • 1984 - Vandaag schrijven over gisteren (lêzing)
  • 1985 - Bladspiegel, een keuze uit de essays
  • 1986 - Berichten van het Blauwe Huis (roman)
  • 1986 - De lage landen en het platte vlak (lêzing)
  • 1987 - Kwaliteit, een verkenning (essee)
  • 1988 - Naar haar eigen beeld (lêzing)
  • 1989 - Schaduwbeeld of Het geheim van Appeltern (roman)
  • 1991 - De tijd een droom of Henri-René Lenormand en Nederland (lêzing)
  • 1992 - Heren van de thee (roman)
  • 1993 - Een handvol achtergrond. Parang Sawat (autobiografyske teksten)
  • 1994 - Transit (boekewikepresint)
  • 1995 - Overeenkomstig en onvergelijkbaar (lêzing)
  • 1996 - Toen ik schoolging
  • 1996 - Ogenblikken in Valois (essees)
  • 1996 - Uitgesproken opgeschreven. Essays over achttiende-eeuwse vrouwen, een bosgezicht, verlichte geesten, vorstenlot, satire, de pers en Vestdijks avondrood
  • 1997 - Zwanen schieten (roman)
  • 2000 - Lezen achter de letters (essays)
  • 2000 - Fenrir: een lang weekend in de Ardennen
  • 2002 - Sleuteloog, (roman), winnend boek NS-Publykspriis 2003
  • 2003 - Het dieptelood van de herinnering (autobiografyske teksten)
  • 2004 - Oeroeg - een begin (faksimilee-edysje by gelegenheid fan de Priis fan de Nederlânske Letteren)
  • 2005 - Over en weer (ferhalen)
  • 2006 - Het tuinhuis (ferhalen)
  • 2006 - Een kruik uit Arelate (allinne as podcast ta foldwaan[4])
  • 2007 - Sterrenjacht (feuilleton, yn 1950 yn Het Parool publisearre)[2]
  • 2007 - De handboog der verbeelding / Arjan Peters yn petear mei Hella S. Haasse (ynterviews)
  • 2009 - Oeroeg / Hella S. Haasse

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.hellahaasse.nl/web/Artikelpagina/Schrijfster-Hella-S.-Haasse-overleden-1.htm
  2. 2,0 2,1 2,2 Hella Haase ontdekt onbekende roman, de Volkskrant, 16 maart 2007.
  3. Dit boek giet ô.a. oer de ferneamde Tunen fan Bomarzo mei de groteske beelden naar een ontwerp van o.a. Pirro Ligorio.
  4. Op Radioboek