Gysbert Japiks
Ut Wikipedy
Gysbert Japiks (1603, Boalsert - 1666, Boalsert), wie skoalmaster, earst yn Wytmarsum, letter in Boalsert. Mar hy is ferneamd wurden troch syn gedichten. Japiks bewûndere Ovidius en Horatius.
By syn libben is allinnich "Friessche Tjerne" printe, yn 1640. Nei't er ferstoarn wie waarden yn 1668 syn sammele gedichten printe as "Friesche Rymlerye". Gysbert Japiks wie ek foarsjonger yn de Martinitsjerke fan Boalsert. De Friesche Rymlerye befettet dan ek Fryske psalmberimings, wat it brûken fan Frysk yn de religy befoardere hat. De Fryske Rymlerye bestiet út trije skiften: ljeafd in bortlycke mingel-deuntsjes; gemiene of huwzmanne petear, en oare katerye; hymmelsch harp-luwd.
Mar syn grutte fertjinste is dat er Fryske literatuer skreau yn in tiid dat it skreaune Frysk net folle mear brûkt waard.
Gysbert Japiks moat al by syn libben in sekere nasjonale en ynternasjonale bekendheid hân hawwe. Hy hie nammentlik kunde oan Hollânske en Ingelske skriuwers en gelearden. De Ingelske gelearde Franciscus Junius hat in skoft yn Boalsert wenne om fan Japiks it Frysk te learen. Sûnt 1947 wurdt troch Deputearre Steaten fan Fryslân de Gysbert Japicxpriis takend. It jier 2003, it fjouwerhûndertste jier nei't Gysbert Japiks berne wie, is troch de provinsje útroppen ta Gysbert Japiksjier. Yn it jier 2003 is syn wurk op 'e nij útjûn. Dizze kear oerset yn it hjoeddeistich Frysk en it Nederlânsk. De titel is "Gysbert Japix, een keuze uit zijn werk". De redaksje wie yn hannen fan Philippus Breuker en de oersettings binne fan Douwe Tamminga en Atze Bosch yn it Nederlânsk en Klaas Bruinsma en Jan Popkema yn it Frysk.
Yn it bertehûs fan Gysbert Japicx oan de Wipstrjitte yn Boalsert sit sûnt 1997 it Gysbert Japiks Museum.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Tekstwinkel yn Boalsert