Wytmarsum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wytmarsum
Flagge fan Wytmarsum Wapen fan Wytmarsum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wytmarsum
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2004) 1804
Webstee http://www.witmarsum.net
De Koepeltsjerke
Betinkingsnille Minne Simens
Moune De Undernimming
Pankoekstermûne

Wytmarsum is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân en telt likernôch 1800 ynwenners. Oant 2011 wie Wytmarsum it haadplak fan de gemeente earder gemeente Wûnseradiel.

Wytmarsum leit tichteby A7 tusken de Ofslútdyk en Boalsert yn de buert fan Arum, Penjum en Wûns.

Ynhâld

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

Oan de râne fan it doarp stiet sûnt ein 19e ieu de katolike tsjerke, wijd oan Nikolaas fan Tolentyn.

Yn it doarp stiet in wynmole, de yn 1850 boude nôt- en pelmole De Undernimming. Sa'n 2,5 km ten easten fan it doarp stiet de Pankoekstermûne, in út 1900 datearjende poldermole. Midden yn it doarp stiet de Koepeltsjerke. De tsjerke fan no is fan 1633, mar al yn de 10e ieu stie op dit plak in tsjerke. Menno Simons wie hjir pastoar doe't hy yn 1535 ôfstân naam fan it katolisisme en foarman waard fan de Doopsgesinden. Bûten Wytmarsum oan It Fliet stiet in monumint op it plak dêr't Menno preke hat.

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarp hat fjouwer buertferienings: Fan Keats oant Harke, De Hikkesluters, It Klompke en De Stoarmhoeke. Doarpskrante is De Koepel. Der is in iepenbiere en in kristlike skoalle ('De Bonkelder') yn Wytmarsum.

De Koepeltsjerke is de herfoarme tsjerke fan it doarp.

[bewurkje seksje] Bekende Wytmarsummers

[bewurkje seksje] Menno Simons

Wytmarsum is it berteplak fan Menno Simons (1496). Hy is de ienige tsjerkeherfoarmer fan Nederlânske komôf dy't in streaming neilitten hat mei mienskippen dy't rûnom op'e wrâld te finen binne. Geregeldwei komme der Mennonityske besikers nei it doarp om mei it berteplak fan harren stifter yn'e kunde te kommen. Krekt bûten Wytmarsum stiet in monumint op it plak oann It Fliet dêr't Simons preke hat.

[bewurkje seksje] Pim Mulier

Sportpionier Pim Mulier (Willem Johan Herman) waard op 10 maart 1865 yn Wytmarsum berne. Yn it doarp drage sawol de fuotbal- as de keatsferiening syn namme.

[bewurkje seksje] Folkert van der Wei

[bewurkje seksje] Doekle Terpstra

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Fryske Krite - toaniel
  • Surprise - toaniel
  • Nij Libben - muzyk
  • De Koepeldûnsers - folksmuzyk
  • V&O - gymnastyk
  • Sportferiening Mulier
  • Thrium - folleybal
  • Elk wat wils
  • De Súdwester - judo

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten fan Wytmarsum.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen