Wytmarsum (Brazylje)
| Wytmarsum | |||||
|---|---|---|---|---|---|
|
|
|||||
| algemiene feiten | |||||
| Steat: | Santa Catarina | ||||
| Oerflakte: | 150,79 km². | ||||
| Ynwennertal: | 3.145 | ||||
| Netnûmer: | 047 | ||||
| Stiftingsdatum: | 15 juny 1924 | ||||
Witmarsum is in stêd yn de brazyljaanske dielsteat Santa Catarina. It plak leit sa'n 110 km fan de atlantyske kust ôf en net fier fan de stêd Blumenau op in hichte fan 370m. boppe seenivo.
De stêd is yn 1924 stifte troch trije dútske immigranten (Paul Zerna, August Langhorst en Helmuth Teosowski) út de eardere dútske koloanje yn Afrika; de krite hiet dêrfandinne yn't earstoan dan ek Nova África.
Yn 1930 ferfearen in protte Dútse mennoniten út Ruslân en de Oekraïne nei dy koloanje. Ta eare fan de doperske Menno Simons waard de koloanje letter nei syn berteplak Wytmarsum omneamd.
Doe't de koloanje yn 1954 de status fan distrikt krige, waard Wytmarsum op 15 juny 1962 offisjeel in stêd.
De stêd hellet tsjintwurdich twatredde fan syn ynkommen út agraryske produkten (benammen molke, melasse út sûkerreit, wyn en bargefleis). De measte ynwenners binne lytse boeren.
Literatuer [bewurkje seksje]
- Diário Catarinense, A Força SC; Florianópolis, 11 augustus 2005