Penjum

Ut Wikipedy
Penjum
Sicht op Penjum
Sicht op Penjum
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 585 (2021)[1]
Oar
Postkoade 8749
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 6' 56" NB, 5° 26' 23" EL
Himrik fan Penjum yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Himrik fan Penjum yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Offisjele webside
Side Penjum
Kaart
Penjum (Fryslân)
Penjum
De Victoriustsjerke
Benefter de tsjerke

Penjum (Nederlânsk en offisjeel: Pingjum) is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 585 ynwenners (1 jannewaris 2021). Oant 2011 lei Penjum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp leit yn it noardlik part fan de gemeente, yn de Lytse Bouhoeke, likernôch 4 km noardeast fan de Ofslútdyk. In part fan de huzen wurdt brûkt as rekreaasjewente. Ek de buorskippen de Nes, De Rige, de Blokken, Boatlân, Lytse Penjum en it Strân wurde ta it gebiet fan Penjum rekkene.

Súdeastlik fan it doarp leit 2 km fierder Wytmarsum, dêr't it fia de Mulierleane mei ferbûn is. De Penjumer Feart ferbynt it doarp ticht by Wytmarsum mei de Wytmarsumer Feart dy't ferbining jout mei Harns, Frjentsjer en Boalsert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Penjum is ûntstien op de súdlike kwelderrêch fan de Mjenje, in âlde see-earm fan de Waadsee. It gebiet waard nei alle gedachten foar Kristus al bewenne. Doe't yn de 19e iuw de terp ôfgroeven waard, waard in Romeinsk byldsje fûn fan de god Merkuer. Lykwols wurdt oannaam dat de terp nei de Romeinske tiid wer ferlitten is oant der yn de 5e iuw nije bewenning kaam. De namme Penjum is in namme op -um, dat dy kin ferklearre wurde as "Penningahiem", it plak fan Penniga.

Yn 1186 is noardwest fan Penjum troch kleaster Lidlum it kleaster Vinea Domini stifte. Dat hat oant 1570 in kleaster west. Yn 1612 wie de tsjerke sa brekfallich wurden dat it kleaster ôfbrutsen waard. De tsjerke yn it doarp wurdt al neamd op in list út 1270. Oan de ein fan de 15e iuw waard it doarp ferskate kearen plondere en brânskat en mooglik as gefolch dêrfan waard yn 1500 in nije tsjerke boud. Yn 1524 waard Minne Simens hjir oansteld as fikaris.

Doe't yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris 1825 de Fryske diken trochbrutsen ûnder in fleanende westerstoarm, waard Penjum warre troch de dyk om it doarp, de Penjumer Halsbân. Yn de flagge stiet ek de Penjumer Gouden Halsbân, de ring fan seediken dy't iuwenlang it doarp beskerme hawwe tsjin de see. Omdat de famylje Hiddema dy't de stins by it doarp bewennen in leelje yn it wapen hienen stiet ek in giele leelje yn it doarpswapen.

Op 16 april 1945 begûn yn Penjum in fûl gefjocht tusken it Kanadeeske Earste leger en in groep fan Dútske skerpskutters dy't de ôftocht fan Dútske troepen oer de Ofslútdyk befeiligje moasten. 46 minsken bleaunen dea, 39 Dútsers, 1 Kanadees en 6 boargers.

De Fermanje fan Penjum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Doperske tsjerke

Ien fan de moaiste en meast karakteristike skûltsjerkjes fan Fryslân is wol de Fermanje fan Penjum. It boujier fan it tsjerkje is net krekt bekend, mar wierskynlik is it fan begjin 1600. Fan de strjittekant ôf is der noch net folle bysûnders te sjen oan it rychje wenhuzen. Mar efter de karakteristike kosterswente leit it moaie skûltsjerkje. De ynrjochting is tige ienfâldich. Banken rûnom foar de bruorren, stuollen yn 'e midden foar de susters, in preekstoel en ek in lessener foar de foarsjonger. Yn 1983 binne tsjerke en wenhûs hielendal restaurearre, dêrby wie it doel om safolle mooglik de âlde situaasje te hanthavenjen.

It minniste skûltsjerkje fan Penjum wurdt troch Minnisten út de hiele wrâld oandien. Yn it tsjerkje wurdt in diasearje oer it libben fan Minne Simens fertoand.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjouwer kear jiers ferskynt doarpskrantsje Yn'e Halsbân yn Penjum. It doarpshûs De Nije Bân stiet yn in yn 2011 nijboud gebou, dêr't skoalle De Gearhing ek yn sit.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Keatsferiening Jan Reitsma.
  • Hynderrydferiening De Halsbânruters
  • Gymnastykferiening D.I.O.
  • Muzykferiening De Harmonie
  • Foljebalferiening
  • Biljertferiening
  • Frouljus- en manljussoas
  • Klokkeliedersgilde
  • Kulturele kommisje
  • Doch-klup

Ferneamde Penjumers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

berne yn Penjum
wenne yn Penjum
stoarn yn Penjum

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boatlân, Bûtendyk, Buorrenleane, De Alde Haven, De Blokken, De Kamp, Geert Gratamastrjitte, Grutte Buorren, Lyts Hústerwei, Lytse Buorren, Lammert Scheltesstrjitte, Moleleane, Pim Mulierleane, Nesserleane, Oarlochssteech, Pibemaleane, Riegewei, Strânwei, Tsjerkepaad, Tsjerkestrjitte, Taekeleane, Waltingaleane.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje