Longerhou

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Longerhou
Flagge fan Longerhou Wapen fan Longerhou
Flagge Wapen
Lokaasje fan Longerhou
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2004) 60
Webstee http://www.schettens-longerhouw.nl

Longerhou is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Boalsert. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004). Oant 2011 lei Longerhou yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp waard eartiids Langerhou neamd en dêrfoar Langerhove. De tsjerke is fan 1250, mar is yn 1757 yngreven ferboud.

Yn de tsjerke stiet in preekstoel mei moai houtfykwurk.
Foar 1580 wie it doarp in selsstannige parochy. Nei 1580 foarmen Longerhou en Skettens tegearre ien tsjerklike gemeente. By de reformaasje moast it doarp de dûmny diele mei Skettens; it doarpswapen hat dêrom in krús dat yn twaen dield wurdt. Yn it midden fan de njoggentjinde ieu wie Longerhou it sintrum fan de Frysk Réveilbeweging om dûmny Jan Felix hinne.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

De feriening doarpsbelang is oansluten by de Feriening Lytse Doarpen en komt op foar de belangen fan Longerhou en Skettens. Se komme gear yn doarpshûs De Terp. De doarpskrante hjit Fiadukt. Der is fierders in kommisje foar de boarterstún en in kommisje foar de jierlikse doarpsfeesten Skettens-Longerhou. Der leit in Takomstfyzje foar 2002-2010. De bern geane meast nei skoalle De Trijetine yn Skettens. Winterdeis is der soas op woansdeitemiddei yn De Terp.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Lyts Begjin - kaarten
  • Lofstim - koar
  • SLS (Sportferiening Longerhou-Skettens) - keatsen

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Muzyk[bewurkje seksje | edit source]

  • In bekend ferske fan J. Slofstra is "Sjouk fan Longerhou".
  • Wiebren Altena/Doede Veeman skreaunen "De Ballade fan Longerhou"
  • Longerhouster Folksliet

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Buorren, Skraarderleane.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • In stikje fan ús libben, útjûn troch Doarpsbelang yn 1999