Greonterp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Greonterp
Flagge fan Greonterp Wapen fan Greonterp
Flagge Wapen
Lokaasje fan Greonterp
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2006) 93
Webstee
Klokhûs Greonterp

Greonterp is in terpdoarp yn it westen fan de gemeente Súdwest Fryslân. Op âlde kaarten stiet it ek wol oanjûn as Greionterp, Grioenterp, Greunterp, Gronterp, Gruenterp, Grouterp, Grjonterp, Griounterp, Grioutburen, Grovendorp of Grieontorp. De terp is yn 1780 ôfgroeven en ferfongen troch in klokhûs. Eartiids gienen de bern nei skoalle yn Dedzjum, no faak nei Blauhûs. It doarp hat likernôch 93 ynwenners (2006). Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Greonterp part fan Wûnseradiel. Tichtby leit it doarp Blauhûs. 'De Lytse Marren' is de fytstocht yn de omkriten. It doarpke krige wat mear bekendheid trochdat skriuwer Gerard Reve dêr in jier of wat (1964-1971) wenne en wurke yn in arbeidershúske ("Huize Het Gras"). Oan De Ryp stiet Boeddysk Kleaster " Ús Thús". Oant 2011 lei Greonterp yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

By Greonterp lizze trije markes: It Fliet, de Reidmar en de Sipkemar.

De yn 1999 restaurearre klokketoer fan it doarp is fan 1812 en it klokhûs is eigendom fan de roomske Stifting Klokketoer Greonterp. It bouwurk hat wat fan in omklaaide klokkestoel mei in punt en hat wol wat fan de klokkestuollen fan Hartwert en Hinnaard. Op it tsjerkhôf binne 19e ieuske pastoarsgrêven.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten fan Greonterp[bewurkje seksje | edit source]

Blauhústerleane, De Ryp, Doarpswei, Mardyk, Snakkepôle.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]