Westhim

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Westhim
Bartolomeüstsjerke

Westhim is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdeast fan Blauhûs oan de Himdyk. De nqamme komt ek foar as Woschem en Westhem. Oant 2011 lei Westhim yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 97 ynwenners (2007). De Himdyk is al ieuwen âld. It wie eartiids de ienige ferbining mei Blauhûs en Drylts. Folle letter is fan it fuotpaad op de Himdyk in wei makke. Westhim is yn de folksmûle ‘De Kot’ en yn Westhim wenje ‘Kotsters’. Ek it kafee hjit De Kot.

De tsjerke is wijd oan de hillige Bartolomeüs. Yn de klokkestoel hingje twa klokken. Ien fan 1639 en de âldste is fan 1353. Hjir stean de nammen op fan Bartolomeüs en fan de "persona" fan Westhim, Luidulfrus.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

De measte bern gean yn Blauhûs nei de basisskoalle. Ek foar ferienings giet men faak nei Blauhûs. De buertferiening yn it doarp hjit Underlinge Wille.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen