Links op de eftergrûn de tsjerke
Easthim (Nederlânsk: Oosthem) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan Drylts. It doarp hat likernôch 459 ynwenners (2006). Oant 2011 lei Easthim yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. De buorskip Nijesyl wurdt ek foar in part ta Easthim rekkene, it oare gedielte wurdt by Drylts rekkene. In him is in ynpoldere stik lân.
It yn 1989 opknapte Himsterhûs is it doarpshûs. Yn 1983 kaam der in nije basisskoalle, 'East Kime'. Der is in Frysktalich pjutteboartersplak, 'De Himsterhummels'. Alle moannen ferskynt it doarpskrantsje "Kontakt".
- Hâld Moed - muzykferiening
- sjongferiening
- Damclub ADO.eo.
- Oan it Hernepaad stiet galery Oosthem.
- Alde Skatting -
- De Cingel -
- De Himmen -
- Draaisterhuzen - buorskip Draaisterhuzen
- Hernepaad -
- Nessenwei -
- Nijesyl -
- Parallelwei -
- Pikedyk -
- Pytsjepôle -
- Skerdyk -
- Skerwâld -
- Sylspaad -
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- T.E. van Popta - Waar eens de Johanneskerk stond (1995)
- E. Hekman - Van Houtkooperschen, Scheepsbouwers en Boeren, (Drylsts, Nijesyl en Easthim yn ferfleine jierren) (2000)
|