Gau
Gau (Nederlânsk: Gauw) is in doarp mei 366 ynwenners (2006) yn de Lege Midden fan Fryslân yn de gemeente Súdwest Fryslân. It leit sa'n 5 km noardeastelik fan Snits, yn de De Legean; in streek fan doarpen noardwestlik fan de Snitser Mar. Gau is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. Oant 2011 lei Gau yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
De namme Gau hat neat te krijen mei de faasje fan de ynwenners, mar komt út it Aldfrysk. De âlde namme Clegawe betsjut soks as feart dêr't it fee bylâns ferfierd wurdt.
De earste bewenningspoaren komme út de 3e ieu, mar it doarp wurdt foar it earst neamd yn 1256. Foarhinne wie it foaral in boeredoarp, mar tsjintwurdich hat in grut part fan de bewenners it wurk earne oars.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Ein 2007 is it doarpshûs Us Gebou fan Gau nei in opknapbeurt feestlik weriepene. Yn 1983 hat it doarp in nije basisskoalle krigen. Foar sporten giet men meast nei de sporthal 'it Mingeltsje' en it sportfjild yn Sibrandabuorren of nei it keatsfjild yn Goaiïngea.
De 'Nacht fan Gau' wie earder op de earste dei fan de boufakfakânsje, mar no op de tredde sneon fan septimber. It waard opset om it doarpshûs te rêden, mar is no útgroeid ta in evenemint dêr't de opbringsten fan nei de klubs en ferienings geane.
In bekende Gauster wie Sibbeltsje Gjaltema. Ut har legaat krigen de earmsten eartiids fan de diakonij yn de doarpen Gau, Goaiïngea en Offenwier om de kryst hinne acht pûn gersbûter en in krintebôle taparte. Har byld stiet der noch en yn de tsjerketoer is har grêfstien ynmitsele.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Boeijengastrjitte, De Clegauwe, De Eker, De Kamp, De Skalter, Tsjemlân.
[bewurkje seksje] Boeken oer Gau
- Doarpsbelang - "Gauw, bij Sneek" (1995), útjûn troch Doarpsbelang by it 75-jierrich bestean
- Hessel Fluitman - "Trouw naar Gauw" (1996) by it 50-jierrich bestean fan de skaakclub "De Lege Geaen"
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|