Arum
|
|||||
| Gemeente | Súdwest Fryslân | ||||
| Ynwennertal (2009) | 1078 | ||||
| Webstee | http://arum-friesland.nl | ||||
Arum is in doarp yn de gemeente Súdwest Fryslân, noard fan Wytmarsum. Oant 2011 lei Arum yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp hat likernôch 1030 ynwenners (2007).
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Yn in stik lân op Baarderbuorren is in skelet fûn fan in bern, dat dêr om sawat 100 jier foar de jiertelling begroeven wêze moat. Dêrom tinkt men ek dat Arum ûnstien is op it plak fan Baarderbuorren. De âldste boarne dy't oer Arum skriuwt is fan 1410
Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan de Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelen. Goed 50 jier letter yn 1420 waard hjir opnij slach levere. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden doe nei Lúntsjerk werombrocht. Hania soe stjerre oan syn ferwûnings. Yn 1895 wurdt by de ôfgraving fan in terp in lyts houten swurd fûn út it jier 600.
Foarname famyljes dy't it foar it sizzen hienen yn Arum wienen: Beijma (Baaiemerleane); Van Sytzama (Sytzamawei) en Fan Cammingha (Fan Camminghawei). It measte ferfier yn Arum gie eaarder oer it wetter. Yn 1890 komt der yn Arum in tramstasjon.
Doarpswapen [bewurkje seksje]
It wapen fan Arum bestiet út trije fliëkamen. Om't de boeren eartiids bekend stiene om harren fliejepleach. Hja fûnen dêrom de fliejekaam út. De Arumer boeren binne der nea folle better fan wurden, want se ha der nea in oktroai op hân.
Mienskip [bewurkje seksje]
It âldste doarpshûs fan Fryslân waard hjir yn 1926 oprjochte. It wie in houten geboutsje dat mei in foarskot fan de doarpsdokter oankocht waard troch it Departemint fan de Maatskippij ta Nut fan it Algemien. It kontaktbledsje hjit De Skille.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Fuotbalferiening Arum
- Tennisferiening Arum
- Sparta - gymnastyk
- Keatsferiening Willem Westra
- Thrium - follybal
- Kulturele Kommisje
- Frysk Selskip Arum
- Teater Selskip Arum
- iisklup Arum
Befolking [bewurkje seksje]
Berne yn Arum [bewurkje seksje]
- Seakle Greijdanus (1 maaie 1871 - 1948), teolooch
- Jacob Wijngaard (juny 1944), wiskundige en heechlearaar
Ferskaat [bewurkje seksje]
- Yn de eardere slachterij sit no it Rock&Roll museum
Strjitten [bewurkje seksje]
Alle strjitten yn Arum