Ysbrechtum
Ut Wikipedy
Ysbrechtum (offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente Snits, mei 656 ynwenners (1 jannewaris 2003). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Ysbrechtum diel út fan de âlde gemeente Wymbritseradeel.
Ysbrechtum leit westlik fan de stêd, oan de wei fan Snits nei Boalsert. Ta it gebiet fan Ysbrechtum heart ek it buorskip Pophoarne. Ek it buorskip Bons hearde ta dit gebiet, mar hjir leit no it Snitser yndustrygebiet De Himmen.
It doarp wurdt it earst neamd yn 1270, yn it Boalserter tsjerkelist, mar dy tsjerke moat noch âlder wêst hawwe, faaks út de 11e ieu, dat it doarp sil grif ek sa âld wêze. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Ysbrechtum part fan Wymbritseradiel. Yn it doarp stiet it slot Epemastate, fan 1651 oant 1850 de wente fan grytmannen fan Wymbritseradiel.
Even ten easten fan Ysbrechtum stiet ek in Amerikaanse wynmotor.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Doarpshûs is It Nije Formidden. De Doarpsrounte is de feriening foar doarpsbelangen dy't sûnt 1977 ek it krantsje Bronbankpraat ferskine lit. VVV is de stifting foar doarpsfermaken. De Epemaskoalle is de basisskoalle fan it doarp.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Yn'e Flecht - keatsen
- 't Is sa ’t Falt - toaniel
- It Brechtakkoard - koar
- Yduna - folksdûnsjen
- De Stive Skonk - gymnastyk âlderein
- FRij Pik - jeu de boules
- YOS - tafeltennis
- YTC - tennis
[bewurkje seksje] Strjitten
Alddyk, Sjuk fan Burmaniastrjitte, De Finne, Doarpshûsleane, Ds H W C A Visserleane, Epemawei, Hascarstrjitte, Hospitaalstrjitte, It Heechhiem, Kleasterwei, Mr S M van Haersma Bumaleane, Muontsestrjitte, Rengersstrjitte, Schoonoord, Thaborwei, Tolhikke, Tsjerkepaad, Worpstrjitte. Op de doarpsside steane ferklearrings foar de strjitnammen.

