Sint Anne
|
|||||
| Gemeente | It Bilt | ||||
| Ynwennertal (2004) | 3990 | ||||
| Webstee | Webstee It Bilt | ||||
Sint Anne (Biltsk: Sint-Anne), gauris skreaun as St. Anne, is it haadplak fan de gemeente It Bilt. It doarp leit noard fan Berltsum. It is mei likernôch 3.990 ynwenners (2004) it grutste doarp fan de gemeente.
Ynhâld |
Skiednis[bewurkje seksje]
De earste namme dy't it doarp krige fan bewenners dy't it gebiet as earsten bewennen wie "Altoenae", ferneamd nei in plak wêr't de bewenners fan it nije gebiet wei kamen. It buorskip Nij Altoenea benoarden Sint Anne is in oarspronklike namme dy't noch refereart oan de oarspronklik brûkte namme fan it haaddoarp. Altoenea foarme mei de doarpen der omhinne katolike parochy's, wêrtroch't de nammen dêrfan al gau oergienen op de doarpen. "Altoenea" is úteinlik ferneamd nei de hillige Anna, de mem fan Marije en krige de namme "Sint Annaparochy".
Van Harenstsjerke[bewurkje seksje]
Kenmerkend is it achthoekige tsjerkegebou - de Van Harenstsjerke - yn it midden fan it doarp, út 1682. Op dit plak, yn it doetiidske tsjerkegebou, troude Rembrandt van Rijn yn 1634 mei Saakje fan Uylenburg. In brûnzen byld stiet hjir as oantinken. Efter de tsjerke stiet de grêfkapel (1688) fan de famylje Van Haren. De koperen doarren nei de grêfkapel binne in geskink fan de Sweedske kening, Gustaaf Adolf. De yn 1700 setten, ryk fersierde preekstoel fan houtsnijwurk komt út Dútslân. It oargel is yn 1727 boud troch de Dútser Johannes Radeker, fan Danzig, en wie learling en masterfeint fan ûnder oaren Arp Schnitger en Christiaan Muller. De lêste boude it oargel yn de Grutte of Jacobinertsjerke fan Ljouwert en it oargel yn de Haarlimse Grutte of St Bavotsjerke. It Radekeroargel is skonken troch Willem van Haren (dêr't it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean nei ferneamd is) en frouwe Rixt van Andrea. Yn de foarrinder fan dizze tsjerke dy't op itselde stee stie, troude op 22 juny 1634 de keunstskilder Rembrandt van Rijn mei Saakje fan Uylenburg. As oantinken hjiroan stiet in brûnzen byld foar de tsjerke.
Mienskip[bewurkje seksje]
Sint Anne hat twa basisskoallen: de kristlike "Slotschool" en de iepenbiere "'t Fonnemint". De Biltske Slach is it sportsintrum fan Sint Anne.
Ynwenners[bewurkje seksje]
Ferienings[bewurkje seksje]
- SGK47 - hânbal
- BTC - tennis
- De Skelp - swimmen
- Drie spul is út - keatsen
- VoVeSa - folleybal
- De Molenruiters - hynsteriden
- Fuotbalferiening Sint Anne - fuotbal
- De Slykrôlers - skeelers
- De Bútsoekers- shantykoar
Berne yn Sint Anne[bewurkje seksje]
- Hartman Sannes (1890), histoarikus
- Tjebbe Walburg (1913), politikus
- Jasper Keizer (1931), publisist
- Flip Soolsma (1947), keatser
Strjitten[bewurkje seksje]
Alle strjitten yn Sint Anne.