Klaas Dankert

Ut Wikipedy

Klaas Dankert (Sint-Anne, 1 jannewaris 1942) is in earder politikus. Soan fan Theunis Klazes Dankert en Tietje Harmens Boersma. Wenne yn Marsum, Weidum en Sint Anne. Troude op 20 augustus 1965 yn Emmeloard mei Geertruida Bril en krige mei har twa bern.

Wie fan 1978 - 1989 deputearre yn de provinsje Fryslân foar de Partij fan de Arbeid. Fan 1989 - 2002 beklaaide hy it amt fan boargemaster fan de gemeente It Bilt. Foarsitter fan de stifting "Je maintiendrai". Krige yn 1988 de Fryske Parsepriis.

Oare funksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sekretaris/ponghâlder stifting Je Maintiendrai
  • Foarsitter Frysk Natuermuseum
  • Lid Ried fan Tafersjoch Stichting Waddengroep
  • Foarsitter Stichting Jabikspaad-Fryslân
  • Ambassadeur "Slagen voor Veiligheid" foar Flevolân en Grinslân
  • Foarsitter Sintrale Bibleteektsjinst CBD
  • Foarsitter Regionale Brânwar
  • Foarsitter Túnboustichting NW Fryslân
  • Foarsitter Hûs en Hiem

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]