Sneon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sneon is neffens de Gregoriaanske kalinder de sânde dei fan de wike. De dei folget op de Freed.

Sneon komt fan "snjoen", wat in gearlutsing is fan sunne (âldfrysk foar sinne) en jûn, wat de oersetting "sinnejûn" makket, de dei foar de sinnedei, snein. Dizze namme is gelyk oan de offisjeuse Dútske namme foar sneon, "Sonnabend".

Yn it wâldfrysk wurdt sneon ek wol saterje of saterdei neamd.